Doarp op Yslân evakuearre om driigjende fulkaanútbarsting

novimber 11, 2023 09:07

Op Yslân is besletten om it plakje Grindavik, op sa’n fyftich kilometer besúdwesten fan haadstêd Reykjavík, te evakuearjen fanwegen in driigjende fulkaanútbarsting. It is foar it earst yn trije jier dat yn Yslân in plak folslein evakuearre wurde moat, skriuwt nijsside RUV.

Grindavik yn Yslân (foto: Wikipedia/Roman Zacharij, eigen wurk – publyk domein)

Foar it doarp mei sa’n 4.000 ynwenners is de needtastân ôfkundige. De autoriteiten sizze mei klam dat de evakuaasje in foarsoarchsmaatregel is. Seismologen litte witte dat der in magmatunnel ûnder it doarp rint. Dêrtroch is net út te sluten dat yn Grindavik in lavaskuor ûntstiet. It is lykwols noch net wis oft de fulkaan op ’e berch Thorbjörn yndied ek útbarste sil, mar de kâns dêrop is de ôfrûne oeren wol grutter wurden. Ofrûne wike waard de ferneamde Blue Lagoon Spa út foarsoach al ûntromme.

De fulkanyske aktiviteit yn it gebiet is de ôfrûne wiken tanommen. Sûnt ein foarige moanne binne op Yslân sa’n 24.000 ierdskoddingen waarnommen. Freed wiene dat sa’n achthûndert, mei dêrby in swiere mei in krêft fan 5.2. Op it skiereilân Reykjanes, dêr’t Grindavik op leit, hawwe sûnt 2021 trije fulkaanútbarstingen west. Dêrfoar slepten de fulkanen op it skiereilân goed 800 jier.

Op Yslân binne sa’n tritich aktive fulkanen. Yn april 2010 barste de fulkaan ûnder de gletsjer Eyjafjallajökull út. Sa’n 100.000 flechten waarden doe skrast, sadat tsien miljoen reizgers wrâldwiid strânen.

novimber 11, 2023 09:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.