Doede Wiersma: Troch it fertriet hinne komme

novimber 26, 2023 07:00 Fernijd

Oertinking

De skriuwster Anne Philipe ferlear har partner doe’t se beide noch jong wienen. Wat se dêrnei meimakke, beskriuwt se yn it oangripende boek Niet meer dan een ademtocht.
Se skriuwt dêryn dat de fûleindige pine om it ferlies net ivich duorret:

“It gefoel fan ‘myn libben is stikken, ik sil noait wer laitsje, myn libben hat gjin wearde mear’, duorret net ivich. Dêr moatst op fertrouwe. Der komt in tiid datst dyn fertriet better drage kinst, datst derboppe stiest, datst dermei libje kinst …”

Se freget har ôf oft dat no kaam troch it laitsjen fan in bern of troch in gefoel fan ferantwurdlikheid.
By Job kaam it troch it antwurd fan God: “Ik koe Jo fan hearren en sizzen, mar no haw ik Jo mei eigen eagen sjoen” (42:5).
En dêrnei seit er (yn de oersetting fan de âldtestamintikus Ellen van Wolde): “Dêrom kear ik my om (nei it libben) en ik kear ‘stof en jiske’ (= de rou) de rêch ta” (42:6).
Job wurdt net langer totaal yn beslach nommen troch syn fertriet, hy klimt út ’e djippe kûle fan ’e rou. God liet Job de holle optille (sa stiet it letterlik yn 42:9).
Ik hear dêryn dat Hy Job serieus naam yn syn fertriet, him de triennen drûge en op gong holp om libje te kinnen mei syn fertriet.
De fûleindige pine duorret net ivich.

Lêze: Job 42:1-5 en 9b

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan € 19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
De gravuere op de thússide komt út it printeboek The Book of Job fan William Blake en heart by Job 42:5
novimber 26, 2023 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.