Danny Ghosen yn Tunezië en op ’e Westlike Jordaankant

novimber 28, 2023 08:19

Danny Ghosen, dy’t earder foar NTR ûnder oaren Danny op straat en Danny in Arabistan makke, is mei in nije searje werom. Mei syn programma Danny ter plekke reizget er hommels nei in plak yn ’e wrâld dêr’t in skeel oplôget, of in slim probleem spilet. Hy nimt de situaasje yn it lân ûnder de loep en giet yn petear mei de minsken dy’t dertroch rekke wurde.

Danny Ghosen yn Tunezië (foto: ©NTR)

Yn twa ôfleveringen, op moandei 11 en 18 desimber op NPO 2, reizget Ghosen nei Tunezië en de Westlike Jordaankant.

Tunezië: lân fan de mislearre migraasjeôfspraak
(moandei 11 desimber, 23.15 oere by NTR op NPO 2)
Nei de Arabyske Maitiid is Tunezië it lân fan hoop. It demokratyske ûnthjit, in foarbyld foar de hiele Arabyske wrâld. No is it in paria wurden: stadichoan wer tebek nei diktatuer en it wrâldknooppunt fan minskesmokkel. De Tuneziërs wolle sels ek fuort, mar se binne net wolkom yn Europa, want Tunezië is in saneamd feilich lân. De EU sleat just in oerienkomst mei de kontroversjele presidint Kais Saied om de flechtlingen tsjin te hâlden. Wat betsjut dat foar de minsken dy’t fuort wolle, mar net kinne? Jongelju nimme yn wanhoop de boat nei Europa, sykjend om in bettere takomst. In protte ferdrinke yn de Middellânske See of binne noch hieltyd spoarleas. It is net inkeld de ekonomyske malêze of de hege wurkleazens dy’t jongelju fuortjaget. It sân fan de optsjende Sahara bedobbet huzen en doarpen.

Foto: ©NTR

De Westlike Jordaankant: lân yn in lân
(moandei 18 desimber, 23.15 oere by NTR op NPO 2)
Mei alle eagen op Gaza rjochte, freget Ghosen him ôf hoe’t it de ynwenners fan it gebiet bewesten de Jordaan fergiet no’t de spanningen tusken de Palestinen en de Joadske kolonisten dêr ek hieltyd heger oprinne. Hy praat mei Palestinen en Israeliërs oer it eskalearjende geweld, de ferlerne hoop op in twasteate-oplossing, en wat it betsjut om te libjen mei striid. Hoe moat it fierder?

Danny ter plekke is ek te sjen op NPO Start en NPO Start YouTube.

Foto: ©NTR

novimber 28, 2023 08:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.