Damwâldster Trekwei wurdt fernijd

novimber 1, 2023 07:54

De Trekwei – de wei tusken de Doaniawei en de Koailoane yn Damwâld – is oan ferfanging ta. Dat karwei is okkerdeis in begjin mei makke. It stik bûten it doarp moat ein novimber dien wêze; takomme maitiid wurdt it stik yn it doarp oanpakt. Yn juny 2024 is alles foarinoar, is it doel.

Foto Gemeente Dantumadiel

Bûten de beboude kom wurdt de wei oardel meter breder makke. “Wy wolle fytsers en oar kwetsber ferkear romte jaan”, ljochtet wethâlder Kees Wielstra ta. “Yn it ferlingde fan de Damwâldster Trekwei leit in fytspaad nei Dokkum. Der komt in moaie en logyske fytsrûte by it Damwâldster reedsje, de Trekwei en de Dammeloane lâns.” Yn de kom fan Damwâld sil er der krekt sa útsjen as de Dammeloane. Dy is ferline jier oanpakt. De Trekwei kriget oan beide kanten grize klinkers en yn ’e midden reade strjitstiennen. Der komt ek in drompel yn.

Lju út ’e buert en Doarpsbelang hawwe meitocht. “Wy binne entûsjast oer it ûntwerp en it gearwurkjen mei de gemeente”, seit Jappie Kramer fan de wurkgroep. “Benammen de ferbreding is in grutte foarútgong.”

Rioel
It rioelsysteem wurdt fuort ek oanpakt. It smoarge ôffalwetter en it skjinnere reinwetter sille apart opfongen en ôffierd wurde. Dêrtroch sil it smoarchwetterrioel net sa gau oerrinne as it eazet. Troch no al in oansluting op it reinwetterrioel te meitsjen kin dêr de Doaniawei mei de tiid ek op oansletten wurde.

novimber 1, 2023 07:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.