Briefkje (93): Om in wurd ferlegen?

novimber 28, 2023 08:00 Fernijd

Jan Breimer beäntwurdet Ed Knotter syn lêste brief.

Bêste Ed,

Do fregest my yn dyn lêste brief oft ik ferklearje kin wat it wurd froed yn de fersrigel ‘Dêr’t har froed de geaën spriede tusken Lauwers, Linde en Flie’ (út it bekende ‘Dêr’t de dyk it lân omklammet’) te betsjutten hat. Dat wie de fraach fan in koarlid op ’e Sweach.

Do hast al in skot weage: de dichter soe it lânskip as in persoan sjen dy’t yn syn wiisheid de ferskillende geaen har plak wiisde. Yn stee fan froed hie der dan ek wiis stean kinnen, mar dan hie it wol wat al te dúdlik wurden dat it in nuvere byldspraak wie.

Wa’t yn it WFT de betsjutting fan froed siket (klik hjir), en subbetsjuttingen en sitaten ek oanfinket, wurdt dúdlik dat de dichter it net goed brûkt hat. Ik tink dat er yn dy rigel en op dat plak om in wurd of wurdlid ferlegen siet dat beklamme wurde koe. Hy hie ek skriuwe kinnen: “Dêr’t de geaen har ferspriede …”, mar dat koe ynhâldlik net, want de geaen ferspriede harsels net. Hy seit no dat se har spriede. Dat is better, want dêr is yn te lêzen dat se derhinne lizze sa’t it lânskip him no ienkear ûntjûn hat. Mar dan bliuwt it ferlet fan dat iene wurd of wurdlid, dat nedich is foar de goede kadâns. Dêr koe er sa’t it skynt net wat oars foar fine as it moai lûdzjende froed, wat it dan ek mar betsjutte mei. In ferlegenheids­oplossing, in stoplape?

Fanâlds koe in dichter dêrmei fuortkomme, dichterlike frijheid, doch it sels mar ris better! Yn ús tiid stelle minsken fragen. De redaksje fan Fryslân sjongt ferwachte dy fragen al en sette dêrom yn in fuotnoat dat we dêr mar oan guodlik tinke moatte. Goed bedoeld en de dichter waard út de wyn holden. Net fierder nei freegje, sa koe dat yn 1978 noch. It is dochs in moai liet? Sa moai dat der foarsteld is om it ús folksliet te neamen yn stee fan it bombastyske ‘Frysk bloed, tsjoch op’, dêr’t guon fan tochten dat it ‘sjong op’ wêze moast.

Underwilens bin ik foarbygien oan de fraach wêrom’t geaen yn it lieteboek mei in trema stavere wurdt: geaën. Yn de dichter syn tiid – Jan Linses van der Burg libbe fan 1864 oant 1905 – moast dat, want doe koe it Frysk de ae noch, dy’t as lange aa útsprutsen waard. Om dúdlik te meitsjen dat it gea-en en net ge-aen wie, moast op de lêste e in trema. Sûnt 1980 kenne we de ae net mear. Israel hat dêrom ek gjin trema nedich. Nuverdernôch yn it Hollânsk wol.

No, dêr lit ik it mar by. Ik hie it oars ek hawwe kinnen oer de ‘gean-goarre’, dy’t him foardie yn in fraach as: “Gean jim ek stemmen?” en de meidieling “Dan gean wy tellen.” Ik bin bang dat it in protte minsken net iens opfalt dat soks min Frysk is.
Dat it Hollânske stemmen yn it Frysk stimme is, is in kwestje dêr’t we ús al net mear drok om meitsje. De i foar de m (novimber, him) liket dreech út te sprekken te wêzen. Is dat alris ûndersocht?

Mei freonlike groetnis,

Jan

novimber 28, 2023 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Jabik novimber 28, 20:44

    Ik hie ferwachte dat Jan Breimer ek eefkes ferwize soe nei Pieter Jelles syn fers (Leafde-tankliet)
    “O, krûp m’ oan ‘t herte, myn leave blom,
    En sjoch m’ yn d’ eagen, sa froed en from,
    En hear it jitris, watst lang al wist,
    Datsto myn ien en myn alles bist!”

    Ik hie froed altyd as fredich opfette. Of slach ik no de planke fier mis?

  2. HE novimber 29, 13:50

    Frysker der mar even by helje,dy sjocht it wat rommer
    https://frysker.nl/sykje

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.