Briefkje (91) Noed of soarch?

novimber 14, 2023 06:39

Jan Breimer reagearret op Ed Knotter syn lêste brief.

Bêste Ed,

It gie yn ús lêste brieven oer tolerânsje: moatte we alles mar goed fine (nee fansels) en wêr lizze de grinzen fan ús tolerânsje? Wat kin der wol op troch en wat net? Tolerante minsken binne trochstrings noflik; dy jouwe net gau spul. As we ússels dan ek wat noflik betoane, kinne we it aardich mei-inoar roaie en in ein hinne komme. Mar ek op in raar plak bedarje. Wat taal oangiet kin dat betsjutte: wat oars sizze as wat we bedoele.

Der giet gjin dei foarby of yn it nijs en praatprogramma’s hearre we minsken sizzen dat se har oer it ien of oar “grote zorgen maken”. Ik tink dan dat se dêr bot oer yn sitte en hoopje dat oaren der wat oan dwaan sille. As guon dat yn it Frysk letterlik neisizze, dus dat se har grutte soargen meitsje, haw ik it gefoel dat dat yn ús taal sa net sein wurde kin. Hat ‘soarch’ by ús net in aktivere betsjutting: earne foar soargje dat it better wurdt, omdat we der noed oer hawwe? As ik de wurdboeken rieplachtsje, kom ik der net út. Ik lês bygelyks dat “jin earne oer (of om) bekommerje of bekroadzje” itselde is as “jin soargen meitsje oer; noed stean foar”. Foar myn gefoel sit yn ‘noed stean’ mear aksje as yn ‘soargen meitsje’. ‘Earne foar soargje’, dat tsjûget wol fan aktiviteit en stribjen nei ferbettering. Bin ik net tolerant genôch? Hoe sjochsto dat? En oaren?

Redaksjes fan kranten en tydskriften prikelje ús faak om by lange artikels foaral wol troch te lêzen troch in nijsgjirrige sin of útspraak yn grutte kleurige letters as in soarte fan plaatsje earne yn de tekst te plakken. In moai foarbyld dêrfan stie tongersdei yn de LC: ‘Der wurdt in byld sketst of binne wy cowboys dy de skatkiste plonderje’. My fitere dat teminsten wol oan om út te sykjen wêr’t dat stie en wa’t dat sein hie. Hawwe in pear Steateleden dat krekt sa sein, dan riist de fraach wêrom’t dy sin it omtinken lûkt: is dat it byld fan cowboys en plonderjen of binne it de wurden of en dy? Dy lêste twa foelen my foaral op. Foar of soe ik as keazen hawwe en dy hie dy’t wêze moatten. Moaier hie neffens my west: ‘Der wurdt in byld sketst as wiene we cowboys dy’t de skatkiste plonderje’. Mar haw ik it wol by de goede ein? Taalhelp Frysker jout by ‘of’ dit foarbyld: ‘hy die krekt of wie der neat bard‘. Sa stiet it ek yn it Frysk Hânwurdboek. Ik soe tinke: ‘hy die krekt as wie der neat bard’. Alwer: bin ik net tolerant genôch?

Okkerdeis seach ik yn in oersetting: “hy hat de hânskoech oppakt.” Yn sa’n gefal kin ik net tolerant wêze. Foar “de handschoen opnemen” sizze wy “de striid (of de útdaging) oangean.” Guon sizze “de mof opnimme”, mar dat is der wat my oangiet ek by troch. Moffen binne foar kâlde hannen, net om mei te fjochtsjen. Yn it Hollânsk liket oppakken it besteande opnemen te ferkringen. Wa’t yn it Frysk de Hollanners neibaut en oppakke seit of skriuwt mar opkrije bedoelt, ferjit dat oppakke by ús opbergje betsjut.

Mei freonlike groetnis,

Jan Breimer

novimber 14, 2023 06:39
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. S.O. Noedstra novimber 15, 08:22

    Jan hat de keutel ek by de skjinne ein. In goede analyze en in krekt oardiel.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.