Briefkje (90): Hoege we net al te krekt te wêzen?

novimber 7, 2023 08:00 Fernijd

Ed Knotter reagearret op Jan Breimer syn lêste brief.

Bêste Jan,

De titel fan ferline wike ‘Taalkwaliteit in relatyf begryp?’ einiget mei in fraachteken en dat is neffens my mei rjocht. De lêste wurden yn dyn brief, ‘Of bin ik te krekt?’, jouwe ommers oan dat der yn gradaasjes nei sjoen wurde kin. De ien sil it wat krekter nimme as de oar.

As we ús taal foarstelle as in romte, in hiem, dan stiet de taal fan hege kwaliteit sintraal yn dy romte. Nei de rânen fan dat taallânskip ta nimt de kwaliteit ôf en wat der wier net op trochgean kin, it ûnrant, smite we oer de freding. Der moat rûnom ‘laat en snoeid’ wurde: it túch derút, sei Douwe Kalma.

It byld fan in taallânskip ûntlien ik oan in yllustraasje by in artikel fan Sytze Hiemstra oer taalnoarm, jierren ferlyn publisearre yn De Pompeblêden. Dat tydskrift foar Fryske stúdzje waard útjûn troch de Afûk. Spitich dat we dat misse moatte, mar mei dizze ferwizing nei dy yllustraasje kinne de gradaasjes yn taalkwaliteit (in kwestje fan noarm) gelokkich noch moai teplak brocht wurde. De term standertnoarm, dy’t yn dat artikel foarkomt en op de tekening te finen is, is sûnt in jier of tsien ferfongen troch foarkarsfoarm. Dat sjoch ik ek as in ôfswakjen fan de noarm om mear romte te jaan oan kwaliteitsgradaasjes. Wês dus mar net al te krekt, is it boadskip.

Mar no it probleem fan de karren en stuiten. Karren is it meartal fan karre. As meartal fan kar kin it allinnich de betsjutting hawwe fan datjinge dat keazen wurdt. Neffens it wurdboek hat kar gjin meartal yn de betsjutting fan ‘it kiezen’ (in kar dwaan) en ‘de mooglikheid/it rjocht om te kiezen’ (der is kar-út). Ik wit net better as dat it Nederlânsk earder ek gjin meartal hie foar ‘keuze’ (wol keur en keuren). Doe’t ‘keuzes’ foar it earst brûkt waard, sa rûchwei op ’e twadde helte fan de foarige iuw, mien ik, moasten de lju derom gnize. Wat in nuver praat. Sa koest dat net sizze, want ast kiest – ek foar mear dingen in kar dochst –is dat in ‘keus’ (ien kar). En ast faker kiest, is dat hieltiten ien kar. Ik wit net hoelang oft it lyn is, mar ik haw bewust meimakke dat yn it Nederlânsk ‘keuzes’ ferkeard wie. Dat wie de Hollânske noarm! De praktyk wie lykwols tsjinstribbich en ‘keuzes maken’ kaam yn ’e moade. ‘Karren meitsje’ wol ús noch altyd net oan, mar der skynt oanstriid te wêzen om de Hollânske moade te folgjen.
Wat hat it Aldfrysk al in prachtich wurd op dat mêd: kêst. Brûk kêsten as meartal fan kar. Tankjewol, Lútsen, foar dy moaie suggestje; ik bin der wiis mei, mar it is fansels wol ôfwachtsjen oft we der genôch hannen foar opinoar krije sille.

By stuiten wie it net de fraach oft dat in goede meartalsfoarm is, want yn alle betsjuttingen is stuiten in gongber wurd. It probleem wie oft de skriuwer wol in koart momint (in amerijke, in setsje, in klamke) bedoelde. Dat wie yn de foarbyldtekst winliken net it gefal. Do hiest dus gelyk, Jan, dat it yn dat gefal krekter koe, mar ik soe dochs ynskikke wolle, dat jin soks by wat langer neitinken pas yn ’t sin komt.

Mei freonlike groetnisse,

Ed

novimber 7, 2023 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. G. Noarmsma novimber 9, 11:08

    Moai Brief fan Ed en de keutel wer by it skjinne ein …

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.