Boeren en túnkers meitsje wurk fan poddestuollen

novimber 10, 2023 08:03

Yn Nederlân wurde troch hast hûndert bedriuwen jierliks hûnderten miljoenen kilo’s poddestuollen kweekt. Dochs bestiet der al in jiermannich gjin oplieding mear dy’t yn it kweken fan poddestuollen spesjalisearre is, en dat wylst de poddestuolletylt ynnovatyf, duorsum en it perfekte foarbyld fan omrinlânbou is. LTO Noard is dêrom yn opdracht fan de LTO Poddestuolletylt mei it opsetten fan in brânsoplieding poddestuolletylt begûn.

Foto: LTO Noard

“It is tige skande dat der sa’n bytsje omtinken is foar poddestuolletylt en dat der gjin oplieding foar is. Dat wylst wurkjouwers wol oanjouwe der ferlet fan te hawwen. Dêrom hawwe wysels it inisjatyf nommen”, seit Eric Douma, bestjoerder by LTO Noard en portefúljehâlder ûndernimmerskip & ûnderwiis by LTO Nederlân. “Wurkjouwers, skoallen en dielnimmers. Elkenien is der entûsjast oer, omdat it sektorbreed yn in dúdlik ferlet foarsjocht. Wy hoopje oan de poddestuolletylt, no en yn ’e takomst, in goede bydrage te leverjen”, seit Tom van Wijk, foarsitter by LTO Poddestuolletylt.

Omrinlânbou
Nederlânske poddestuollen wurde ferboud op dong fan hynders en slachtpiken en strie út de nôttylt. Dat wurdt troch kompostearring opwurke ta produksjemateriaal foar ferskillende soarten sjampinjons, gaadlik om te iten. De reststreamen kinne dêrnei yn oare sektoaren brûkt wurdt foar it ferheegjen fan de fruchtberens yn ’e boaiem. Dêrmei is de tylt fan Nederlânske poddestuollen in skoalfoarbyld fan duorsumens en omrinlânbou foar hiel Europa.

Earste dielnimmers
Ofrûne septimber is de faktechnyske oplieding mei fjirtjin dielnimmers begûn. Alle gearkomsten binne op de kwekerij fan in dielnimmer of in ûndernimmer út de sektor. De oplieding is bedoeld foar bern fan ûndernimmers, kaderpersoniel, arbeidsmigranten dy’t yntern trochgroeie nei liedingjaande funksjes en bygelyks tyltbegelieders.

Breed inisjatyf
LTO Poddestuolletylt hat yn ’e ôfrûne perioade mei in protte wurkjouwers praat oer it ferlet fan IN oplieding foar wurknimmers yn ’e sektor. Dêrneist hawwe der petearen west mei mbû en hbû en mei oare sektoaren (beamkwekerij en glêstúnbou) oer de ûnderfiningen fan it ynrjochtsjen, it útfieren en it duorsum oantreklik hâlden fan in brânsoplieding. De positive ûnderfiningen en oandachtspunten binne dêrby meinommen. Der binne ek mooglikheden ûndersocht om op beskate tema’s by besteande inisjativen oan te heakjen.

novimber 10, 2023 08:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.