Arjen J. Dijkstra: Fryske Beweging griis? Echt net!

novimber 28, 2023 19:45

De Ried fan de Fryske Beweging helle de krante wer ris. Yn de Ljouwerter Krante fan 27 novimber sels twa kear. It iene stik gie oer de Fedde Schurerlêzing. Dy hâlde we alle jierren mei ús partners. It oare gie oer de Ried sels. Dy wol feroarje, en dat mei de wrâld wol witte. Faaks is it boadskip wat út de kontekst lutsen. Dêrom in koarte refleksje. 

Omdat de wrâld om ús hinne feroaret, hat de Ried yn 2022 in trajekt fan fernijing ynset. Tagelyk en mei dêrtroch krige de Ried ferlet fan mear bestjoersleden. Foar in part is it al slagge om it bestjoer út te wreidzjen. Wy hawwe no sels tweintigers yn ús fermidden. It is my in griis dat sjoernalisten alle kearen dy fergrizing sa útljochtsje. Op wat dy grize koppen opboud hawwe kinne wy fierder. En dat is wat om grutsk op te wêzen! Mar fernije moatte wy wol. Oars geane we deroan.

De krante skriuwt: Gelijkwaardigheid, gelijkberechtiging en zichtbaarheid van it Frysk waren de speerpunten van de belangenorganisatie voor het Fries. Waren? Lit dúdlik wêze: dat bliuwt sa. Us oanpak sil feroarje, mar ús idealen bliuwe gelyk. Wêr’t dat nedich is sille wy stride.

Fan taalwacht nei taalhelp. Faaks heart dat wat sêft. Lit dat no krekt wêze wat wy wolle. Sêft op de relaasje. Mar wy bliuwe hurd op de ynhâld. Foar de oerheid en ynstellingen binne wy taalwacht. Dat feroaret net. Mar taalwacht foar de gewoane Fries? Dy sit dêr wier net op te wachtsjen. En krekt dy gewoane Fries, dêr giet it om. Dy wolle wy útnûgje om mei te dwaan. Mei-inoar foar Fryslân, Friezen en it Frysk. Dêr past in oare kleur en lûd by.

De ynstelde wurkgroep advisearret ynkoarten it bestjoer. Dêrnei kinne we los mei de fernijing. Ik ha der sin oan!

Arjen J. Dijkstra is bestjoerslid fan de Ried en lid fan de wurkgroep dy’t him dwaande hâldt mei de kommunikaasje fan de Ried.
novimber 28, 2023 19:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.