Anne Dykstra: Patsje en paaikje

novimber 22, 2023 08:00

Kollum

Unfoech praat (55)

‘Ik soe har noch ienkear tsjin my oan drukke moatte en patsje en yn har eagen weisinke’ (Satansbern, 1981). Patsje is net in aparte seksuele ôfwiking, mar gewoan in âldfrinzich synonym fan tútsje. It komt allinnich noch yn ’e skriuwtaal foar. Patsje waard ûnder oaren brûkt troch Gysbert Japiks. Brandsma woe der yn syn Gysbertstúdzje fan 1936 op út dat patsje te krijen hawwe soe mei packje, (fêst)pakke en de Hollânske foarm pakkerd. Halbertsma brocht patsje earder al yn ferbân mei it Latynske pacare, befredigje, freedsum meitsje. It WFT hat dat oernommen en fersmyt dêrmei de ferklearring fan Brandsma.

Patsje is in swak tiidwurd, mar der is ek in sterke foarm pea bekend. Pea kin as haadwurd ek tút betsjutte. By patsje heart fierder it haadwurd pat, dat meastal yn ’e ferlytsingsfoarm brûkt wurd. In paaike is ek in tútsje en it tiidwurd paaikje is wer in synonym fan it tiidwurd tútsje. Paaikje kin ek betsjutte fan ‘tevredenstellen, bevrediging schenken’ en dêrmei binne we werom by Halbertsma syn pacare, dat as etymology fan it Nederlânske paaien jûn wurdt.

Tútsje brûkt men de mûle foar, gjin niget dêrom dat der in fan mûle ôflaat tiidwurd is dat tútsje betsjut, nammentlik mûlkje, yn de Dongeradielen is dat muolkje. It jongste my bekende fynplak fan mûlkje yn ’e betsjutting fan tútsje is fan dominy Wumkes, út 1926: ‘De jonge skoalmaster learde op syn Frysk te frijen, te patsjen, te ûlkjen en te mûlkjen’. Net dat dat no op syn Frysk oars giet as yn it Nederlânsk, soks kin men ommers sûnder wurden wol ôf. Nee, Wumkes doelde op Gysbert Japiks, dy’t mids it ‘sljuchte en rjuchte boerelibben’ it Frysk hearde dat er letter yn syn gedichten brûkte. Mûlkje is echt in Gysbert-wurd, populêr by lettere neifolgers as T.R. Dykstra (1840): ‘Tûtel kom dochs gau werom, /Patsje sill’ we dan en mûlkje’. Ik wit net wêr’t Wumkes dat ûlkjen wei hat, net by Gysbert soe ’k sizze. By Joast Halbertsma komt ûlk as haadwurd foar: ‘Us ûlken, onze hartediefjes, van meisjes gesproken met welke men kermis houdt’. Broer Eeltsje brûkt ûlk ek, mar by him betsjut it fan hoer. De etymology fan ûlkje is net wis. It WFT ferwiist foar de etymology fan ûlk nei it Nederlânske ulk, dat yn it WNT foarkomt as in Oeriselsk wurd, mei yndied de betsjutting ‘hartedief, lieveling’. Yn it Twintsk en it Achterhoeksk betsjut it neffens it WNT ‘kabouter’. Op https://ivdnt.org/woordenboeken/etymologische-woordenboeken/ fine we dat ulk of murd, fret betsjut, of wulk (in skulp). Dêr is neat gjin leafliks oan. Soe it Fryske ûlk ek te krijen hawwe kinne mei it Dútse Ulk, dat ‘grap, pots’ betsjut?

Oare woansdei wer fierder.

novimber 22, 2023 08:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Henk Wolf novimber 22, 12:05

    Yn it Sealterfrysk is in ‘Oolk’ in ierdmantsje of in kabouter. It eigenskipswurd ‘oolk’ betsjut ‘gemien, aaklik, raar’. Marron Fort bringt it yn ferbân mei it Nederlânske ‘olijk’, dat earder ek in negative betsjutting hie.

    It liket in oar etymon te wêzen as it Dútske ‘Ulk’, dat neffens it DWDS in onomatopee is en oarspronklik ‘kabaal’ betsjutte en sûnt in brede, ûngeunstige betsjutting krigen hat. It Sealterfryske ‘ulkich’ (ûndogens, fleurich) sil dêr grif in ôflieding fan wêze.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.