Anne Dykstra: Omflapper

novimber 8, 2023 08:00 Fernijd

Kollum

Unfoech praat (53)

In swangerskip, in lienwurd, ik wit it, komt spitigernôch net altyd ta in foldroegen ein. In frou kriget dan in miskream. Datselde mis fine we ek yn oare beneamingen foar miskream. As we fan in frou sizze dat it mis is mei har, dan is it har wer ôfgien, dan wie it in missen(-ien).

By dat lêste liket der net echt sprake te wêzen fan begrutsjen, foar myn gefoel is dat begrutsjen folslein ôfwêzich by de wurden omflap(per) en omwip(per). ‘Myn frou hat in omflapper hân’, ik soe it sa gau net sizze. ‘Hoe liket it dokter? In omwipper tink?’ Nee, dat binne wurden foar bisten, net foar minsken. It is sa al fertrietlik genôch. It Frysk jout trouwens ek treast foar dy’t in miskream hân ha: nei mis komt wis, nei in miskream komt in goede kream. Sa’n goede ôfrin foarseit ek de útdrukking it earst mis, it oarde (twadde) wis.

Omstannichheid wurdt brûkt foar de tastân dêr’t immen yn is. Yn it meartal wurdt it brûkt foar de tastân fan it bernswierwêzen. It wurdboek fan 1956 set yn omstannichheden wêze oer mei ‘in blijde verwachting zijn’. It WFT is dêr noch net sa wis fan en set ‘blijde’ tusken heakjes.

Boarne pixabay

Takomme woansdei wer fierder

novimber 8, 2023 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Bouke Slofstra novimber 13, 10:27

    Hoi Anne,

    Yn it ferline kaam it wol foar dat in bern libben en sûn op ‘e wrâld kaam, mar net by de eigen heit en mem bleau. Dy hiene al te folle bern, wylst de suster fan de mem gjin hie. Yn Suruname waard sa’n bern – blykber – in “kweekje” neamd. Wie dêr yn it Frysk ek in namme foar?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.