Ynteraktyf middeismiel en lêzing oangeande aaiwyttransysje

oktober 28, 2023 08:14 Fernijd

De ôfrûne jierren wie te sjen dat it oanbod yn ’e supermerk feroare. Der binne no feganalternativen, fan soajaburgers oant hjouwermolke, te keap. Mar hoe beynfloedzje dy feroaringen it kiezen fan de klanten foar nije soarten iten? Yn hoefier kieze se foar in oar deistich miel? Dogge se dat om de klimaatferoaring tsjin te gean en om de tanimmende wrâldbefolking fan genôch aaiwiten foarsjen te kinnen, of kieze se foar de eigen sûnens? Wat binne de foardielen en neidielen fan plantaardich en dierlik iten foar de sûnens? En binne der noch oare alternativen foar aaiwyt?

Foto: pixabay.com

Dy fragen steane sintraal by it ynteraktyf griene middeismiel ‘Aaiwyttransysje: Ite wy yn 2030 allegearre fegan?’ Saakkundige sprekkers Martina Sura, lektor aaiwyttransysje by Hegeskoalle Van Hall Larenstein, en diëtist Paulien Kruiper, sille ynsjoch yn dat nijsgjirrige ûnderwerp jaan. Petearlieder by de lêzing is Hans Revier, foarsitter fan it bestjoer fan de Fryske Miljeufederaasje (FMF).

Sprekkers
Martina Sura is in ekspert yn mikrobiële ekology en molekulêre biology. Har misje is it ferbinen fan kennis oer it mikrobioom mei de produksje en konsumpsje fan aaiwiten, om in balâns te kreëarjen tusken natuerbehâld en minsklike sûnens.

Paulien Kruiper, diëtist en sosjaal-geograaf, hat talleaze minsken holpen by it ûntwikkeljen fan in sûner itenspatroan. Hja set har dêrneist foar de fiedseltransysje yn en sjocht dat as in win-winsituaasje foar sawol natuer as de minske. By it ynteraktive middeismiel sil se praktyske advizen jaan oer hoe’t we de oergong nei minder dierlike aaiwiten meitsje kinne.

Foto: pixabay.com

Mei it middeismiel
By it griene middeismiel sille de sprekkers ek mei de besikers yn petear. Hja wolle graach de miening fan oaren hearre. Frou Sura sil ynhâldlike ynformaasje oer de aaiwyttransysje jaan. Hja fertelt oer de ynfloed fan fleiskonsumpsje op it klimaat en miljeu en oer de foar- en neidielen fan sawol plantaardige as dierlike aaiwiten. Hja fertelt ek oer mikroproteïnen, in aaiwyt dat ûntstiet troch in fermintaasjeproses. Frou Kruiper sil ynsjoch jaan yn wat in sûn itenspatroan foar ús as yndividuen betsjut en hoe’t dêr plantaardige en/of dierlike aaiwiten yn ferwurke wurde. Beide spreksters sille mei de besikers yn petear oer de bêste miks fan aaiwytboarnen en binne benijd wat foar minsken yn it publyk de ideale miks is. In itenspatroan is úteinlik ommers in persoanlike kar.

Foto: pixabay.com

Oanmelde
De lêzing is in unike kâns om mear te learen oer de aaiwyttransysje en de wittenskiplike, oan iten relatearre en maatskiplike aspekten derfan te ferkennen. Mei-inoar kinne minsken de ytgewoanten oanpasse foar in duorsume en sûne takomst. De lêzing is fergees te folgjen, mar fan tefoaren oanmelde is wol needsaaklik.

Datum: Moandei 30 oktober 2023
Tiid: 12:00 – 13:00 oere
Lokaasje: Hegeskoalle Van Hall Larenstein – stúdzjekantine
Adres: Agora 1, 8934 CJ Ljouwert
Kosten: Fergees

Oanmelde kin fia dizze link.

oktober 28, 2023 08:14 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.