Wetterfûgels oerwinterje yn fûgelrêstgebieten
Resint ferskynd
De Fryske marren binne in populêr plak foar oerwinterjende wetterfûgels lykas it nontsje en de smjunt. Om derfoar te soargjen dat se genôch rêst krije, wurdt wettersporters frege om fan 1 oktober oant 1 april de mei boeien markearre fûgelrêstgebieten net yn te farren. Sa kinne de fûgels reserves opbouwe foardat se wer fierder fleane yn de maitiid.

Foto: Provinsje Fryslân
Giele boeien mei blauwe stikkers mei in slob en de tekst ‘Vogelrustgebied’ markearje de rêstsônes. Dy lizze yn de Natura 2000-gebieten Snitser Mar en omkriten, de Wite en Swarte Brekken, de Aldegeasterbrekken, de Fluezen en de Alde Feanen. Se lizze allinnich by de ûndjippe rânen fan de marren. De soalen en drokke farwegen bliuwe dus tagonklik foar wettersporters en (sport)fiskers.
Fersteuring
In grut part fan de Europeeske wetterfûgelpopulaasje strykt winterdeis yn de Fryske Marren del. It giet dan om fûgels lykas de smjunt, slob, lytse seachbek of piiptjilling.
Fûgels hâlde fan dúdlikheid en foarsisberheid. As der gjin boaten komme yn de gebieten dy’t ôfbeakene binne mei de giele boeien, wenne de fûgels deroan dat se dêr rêstich dobberje en ite kinne. As dy dúdlikheid der net is, omdat der somtiden dochs in boat troch it gebiet fart, bliuwe de fûgels alert. Dan kin ien boat of persoan fan inkelde hûnderten meters ôf al foar foldwaande fersteuring soargje om de fûgels opfleane te litten.
Alle kearen dat de fûgels opfleane, ferlieze se wat fan harren opboude reserves. En dy reserves hawwe se just hurd nedich om yn de maitiid wer fierder fleane te kinnen nei harren simmerferbliuwen om dêr te nesteljen. By te folle fersteuring mije fûgels in gebiet úteinlik. Dêrom wurdt wettersporters frege om de gebieten tusken 1 oktober en 1 april net yn te farren en ek by de oanlisstegers efter de boeien net oan te lizzen.
Mear ynformaasje en in kaart mei de gebieten is te finen op www.fryslan.frl/fy/fugelrestgebiet.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje