Waarpraatsje: Freed ek skier
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It wie tongersdei in skiere en suver hast wat skrouske dei. Freed sil it ek skier wêze en it bliuwt, nei alle gedachten, net hielendal drûch.
Tongersdeitenacht is de loft berûn en yn it Waadgebiet kin it wat reine. De wyn komt út it súdwesten en is matich, mar by de kust lâns en boppe de Iselmar stiet in frij krêftige oant krêftige westewyn. De temperatuer leit tusken 11 en 15 graden.
Freed is it skier mei sa út en troch wat rein. Yn ‘e middei falle der in pear buien. De súdweste- oant westewyn is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar earst noch frij krêftich oant krêftich. It wurdt 18 graden.
Yn it wykein sil it waarmer wurde en wy sille de sinne ek wer wat mear sjen.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje