Undersyk Vattenfall: Dit binne de duorsumste gemeenten fan Fryslân
Resint ferskynd
Weststellingwerf is de duorsumste gemeente fan Fryslân. Dêr lizze nammentlik op in protte dakken sinnepanielen, hawwe in protte ynwenners in duorsumensubsydzje (ISDE) oanfrege en is in relatyf lyts part fan it túnoerflak bestrjitte. Dat en mear docht bliken út de Duorsumensyndeks fan enerzjyleveransier Vattenfall, dy’t alle Nederlânske gemeenten ûnder de loep naam. Dêr waarden gegevens fan it CBS, de RVO en Cobra Groeninzicht foar brûkt.

Foto: Vattenfall
Om de persintuele skoare foar de Duorsumensyndeks fêst te stellen, is gemeente foar gemeente sjoen nei it totale túnoerflak dat befluorre is, it tal sinnepanielen en it tal ISDE-oanfragen. Alle gemeenten en provinsjes binne ferlike mei de lanlike trochsneed: in negatyf persintaazje betsjut in ûndergemiddelde prestaasje, wylst in posityf persintaazje in boppegemiddelde duorsumensskoare ynhâldt.
Weststellingwerf duorsumste Fryske gemeente
Nei Weststellingwerf kieze ynwenners fan Eaststellingwerf faak ek foar duorsume opsjes. De top 5 fan duorsumste Fryske gemeenten is sa:
- Weststellingwerf – duorsumensskoare: 49,9%
- Eaststellingwerf – duorsumensskoare: 45,5%
- Opsterlân – duorsumensskoare: 43,8%
- It Amelân – duorsumensskoare: 39,1%
- Flylân – duorsumensskoare: 32,5%
Ljouwert behellet just de leechste skoare fan alle Fryske gemeenten: -18,1%. Lanlik is it it Súd-Hollânske Schiedam dêr’t de minste duorsume maatregels troch ynwenners nommen binne: de gemeente hat in skoare fan -55,1%. Oer de hiele provinsje hat Fryslân in skoare fan 17,4%, dêr’t it duorsumer mei is as de lanlike trochsneed. Allinnich Drinte (29,7%) en Seelân (18,3%) prestearje better.
Measte ferstienne tunen yn Harns
Gjin gers, strûken of beammen, mar tegels: 39,1% fan it totale túnoerflak yn Fryslân is befluorre. Harns spant de kroan, want yn dy gemeente leit 53% fan alle kante meters tún fol mei tegels. Ynwenners fan Ljouwert hâlde ek fan in ûnderhâldsearme tún: 47% fan it folsleine túnoerflak yn dy gemeente is bestrjitte.
Op Skylge kieze ynwenners just it faakst foar in griene tún, want dêr is 30,5% fan tegels foarsjoen. It Amelân is ek relatyf grien, dêr is hast in tredde fan it túnoerflak betegele.
De skoares fan alle gemeenten binne op de ûndersyksside te finen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje