Undersyk: útwreiding wenningfoarried yn Fryslân ferrint ûnder de mjitte

oktober 13, 2023 08:18

Neffens de rest fan Nederlân binne der dit jier yn Fryslân net folle wenten oan de wenningfoarried tafoege. Ofset tsjin it tal ynwenners skoare allinnich de provinsjes Limburch en Drinte minder. Dat docht bliken út in analyze fan VvE-behearder Paral Beheer, dy’t resint ferskynde sifers fan it Sintraal Buro foar de Statistyk (CBS), oer de earste acht moanne fan 2023, ûnder de loep naam.

Boarne: CBS

Ofset tsjin it tal ynwenners leit is de wenningfoarried mei mar leafst 31,9 persint minder tanommen as dy fan it hiele lân. Op hûnderttûzen ynwenners kamen der yn Fryslân mar 194 wenten by, wylst yn Nederlân yn trochsneed 285 wenten oan de foarried tafoege binne. Allinnich Limburch en Drinte hawwe in lytsere tanimming fan de wenningfoarried as Fryslân.

Op it mêd fan nijbou bliuwt Fryslân ek fier efter. Mei 171 tafoege nijbouwenten op 100.00 ynwenners, komt Fryslân 32,7 persint ûnder de lanlike trochsneed fan 266 út. Dêr skoare ek inkeld de provinsjes Limburch en Drinte minder mei. Yn de provinsjes Flevolân, Súd-Hollân en Seelân is de wenningfoarried ôfset tsjin it tal ynwenners it meast tanommen. Yn dy provinsjes binne ek de measte nijbouwenten op 100.000 ynwenners oan de wenningfoarried tafoege.

De folsleine útkomsten, ynklusyf analyze de provinsje binne te besjen op: www.parelbeheer.nl/onderzoek-voorraad-woningen-2023.

oktober 13, 2023 08:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.