Undersyk befêstiget: bewenning Noard-Amearika tûzenen jierren earder as tocht waard
Resint ferskynd
Nij, wiidweidich ûndersyk nei fuotleasten dy’t yn 2021 yn de Amerikaanske steat Nij Meksiko ûntdutsen waarden, hawwe befêstige dat der yn Noard-Amerika al tûzenen jierren earder minsken wennen as oant no tocht waard.

Pylkpunt út de Cloviskultuer (foto: Wikipedia – publyk domein)
De wittenskippers dy’t de fuotleasten twa jier lyn ûntdutsen, rûsden de spoaren fuortdaliks al op goed 20.000 jier âld. Dat wie gâns âlder as de oant dat stuit âldste spoaren fan minsken yn Amearika: stiennen ark fan de Cloviskultuer, fan sa’n 13.000 jier âld. Der wie lykwols ek twivel oer de fynst út 2021, dy’t bestiet út ûnder mear fuotstappen fan in frou en in bern dat út en troch optild waard en spoaren fan nei alle gedachten jagers.
Begjin fan nij haadstik
De ûndersikers fan it Amerikaanske geologysk sintrum USGS basearren harren earste rûzing op de âldens fan sied fan wetterplanten troch koalstofdatearring. Wetterplanten binne neffens kritisy ûnfoldwaande betrouber by koalstofdatearring, om’t de koalstof ôfkomstich wêze kin út wetter dat gâns âlder is as de fuotspoaren sels. Foar de wiidweidigere analyze, dy’t ôfrûne wike yn it wittenskiplike tydskrift Science publisearre waard, binne no ek konifearpollen analysearre. Dêr kaam itselde út: tusken de 21.000 en 23.000 jier âld. Dat wie yn de lêste grutte iistiid. Der binne ek kwartsmeunsters analysearre, dy’t op syn minst 21.500 jier âld wiene.
Neffens de ûndersikers is dat genôch bewiis om de bewuste âldens op de spoaren te plakken. “Dit is it begjin fan in hiel nij haadstik as it giet om ús begryp fan de oanwêzigens fan minsken yn Amearika”, seit Summer Praetorius tsjin The New York Times, in paleogeograaf dy’t net by it ûndersyk behelle wie.
Neffens de USGS-ûndersikers binne der noch tal fan spoaren yn it White Sands-gebiet yn Nij Meksiko te finen, dy’t mear nij ynsjoch yn de skiednis fan de minske op it Amerikaanske kontinint biede kinne.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje