Top 5 meast neamde hobbys op Nederlânske cv’s

oktober 28, 2023 08:17

In protte sollisitanten neame leafhawwerijen en ynteresses op harren cv om dat in persoanlik tintsje te jaan. Under Nederlânske wurksikers is fitness de meast neamde frijetiidsbesteging. Dat is opfallend, want wrâldwiid einiget fitness bûten de top 5 fan populêrste hobbys op cv’s. Dat en mear docht bliken út ûndersyk fan tsjinstferliener CVster.nl op basis fan hast sân miljoen cv’s út tritich ferskillende lannen.

Ofbylding: pixabay.com

Fitness populêrste hobby
Nederlânske sollisitanten beklamje it leafst dat se geregeld yn de sportskoalle te finen binne. Njonken fitness is ek lêzen in populêre hobby om te fermelden. De folsleine top fiif fan populêrste hobbys op Nederlânske cv’s is sa:

  1. Fitness
  2. Lêze
  3. Reizgje
  4. Itensiede
  5. Fuotbalje

Yn de Skandinavyske lannen en yn Poalen einiget fitness op it earste plak, mar yn oare lannen op ’e wrâld is dy hobby minder populêr. Kuierje en fuotbalje wurde faker neamd as sportive frijetiidsbesteging.

Foto: pixabay.com

Kreativiteit ûntbrekt op cv’s
Opfallend is dat it yn de Nederlânske top 5 ûntbrekt oan kreative hobbys. Earne oars op ’e wrâld wurde populêre frijetiidsbestegingen as fotografy, tekenje en skilderje nammentlik folle faker op cv’s neamd. Muzikale hobbys as sjonge en it bespyljen fan ynstruminten binne ek net yn de Nederlânske toplist te finen. Muzikaliteit wurdt yn oare lannen folle faker mei klam op it cv neamd: yn Frankryk is muzyk sels de twadde populêrste hobby.

Foto: pixabay.com

Nederlanners hawwe taleknobbel
Njonken hobbys binne ek talen in wichtich ûnderdiel fan in cv. Nederlânske wurksikers sprekke in aardich wurdsje oer de grins: sa jout 85% fan de sollisitanten oan Ingelsk te sprekken. In grut ferskil mei bygelyks buorlân België, dêr’t it persintaazje op ‘mar’ 78,7% leit. Allinnich yn Egypte en Finlân (beide 88%) leit it persintaazje heger as yn Nederlân. De Dútske (31%) en Frânske taal (10,4%) binne sollisitanten út Nederlân faak ek machtich.

Mear ynformaasje oer it ûndersyk is op de ûndersyksside te lêzen.

Undersyksmetodology
De statistiken yn it artikel binne basearre op in analyze fan 6.895.120 cv’s fan minsken yn tritich ferskillende lannen. De analyze is yn it twadde fearnsjier fan 2023 útfierd troch CVster.nl.

oktober 28, 2023 08:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.