Soad animo foar ynspiraasjedei ‘Wy binne mbû’

oktober 14, 2023 09:26

Op woansdei 11 oktober waard yn Neushoorn yn Ljouwert de Ynspiraasjedei Wy binne mbû holden, in evenemint oer meartaligens en boargerskip yn it ûnderwiis. Wy binne mbû is in gearwurkingsferbân fan Firda, Aeres en de Afûk, dy’t har ynsette wolle foar it fersterkjen fan de Fryske taal yn it mbû-ûnderwiis. By de ynspiraasjedei wiene yn totaal goed hûndert minsken oanwêzich.

Foto: Pieter de Zwart

De moarntiid stie yn it teken fan it boargerskipsûnderwiis op mbû-skoalle Firda. Firda hat koartlyn syn fyzje op boargerskip publisearre, dêr’t folweardich dielnimmen oan de maatskippij sintraal yn stiet. De skoalle wol dêr no hannen en fuotten oan jaan troch de studinten yn fiif diminsjes ûnderfining opdwaan te litten: polityk-juridysk, ekonomysk, sosjaal-maatskiplik, fitaliteit en digitale feardichheden. Dosinten boargerskip wurken mei kollega’s fan harren eigen mbû-kolleezje oan in earste opset.

It middeisprogramma wie frij tagonklik en gie oer meartaligens yn it mbû. By de ôftraap yn de Grutte Seal joegen bestjoerder Remco Meijerink fan Firda en direktrise Truda Kruijer fan Aeres foarsichtich oan mear mei it Frysk en meartaligens dwaan te wollen yn harren ûnderwiisprogramma’s. Yn it gefal fan Firda waard oanjûn dat dat út de skoalle wei ek de ynset foar de nije Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer is. Nei de ôftraap koene der ferskate workshops op it mêd fan meartaligens folge wurde, bygelyks oer sichtberens en tûk taalgebrûk yn de beropspraktyk. Dielnimmers waarden meinommen yn de mearwearde fan meartaligens en krigen praktyske tips oer it brûken fan it Frysk. De middei waard ôfsletten mei in slokje en wat te iten.

Al mei al wie it in dei fol omtinken foar it Frysk yn it mbû, mei útwikseling fan kânsen en perspektiven. Der wie in soad belangstelling en de organisaasje beskôget de ynspiraasjedei as in grut sukses.

oktober 14, 2023 09:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.