Ried wiist ‘De Haach’ op wichtige punten foar BFTK
Resint ferskynd

Boarne: DINGtiid
Wiziging: de gearkomste is ferplakke nei de Thorbeckeseal
https://www.tweedekamer.nl/vergaderingen/livedebat/thorbeckezaal
Op 12 oktober hat de fêste Twadde Keamerkommisje foar Ynlânske Saken in stikmannich rûnetafelpetearen op it mêd fan de Fryske taal en kultuer. De petearen binne yndield yn fjouwer ûnderwerpen: Bestjoer, Rjochtspraak, Underwiis en Kultuer, wittenskip en media. Foar elk ûnderwerp skowe saakkundigen út Fryslân oan om winsken en ynformaasje te jaan foar de nije Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer dy’t yn 2024 yngiet.
De Ried fan de Fryske Beweging sit net oan tafel yn De Haach (wol op de publike tribune), mar hat yn ‘t foar skriftlik oanjûn wat neffens de Ried nedich is foar in bettere posysje fan it Frysk. Hjirûnder de brief mei de punten dy’t de Ried de oanbelangjenden takomme litten hat.
———
Oan de Fêste Keamerkommisje Ynlânske Saken
CC nei: ministearje fan Ynlânske Saken, ministearje fan OCW en provinsje Fryslân
Achte leden fan de Kommisje,
Op 12 oktober hawwe jimme in tal rûne tafelpetearen oer de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK). Dy petearen binne beheind ta in oantal saakkundigen. De Ried fan de Fryske Beweging is sûnt 1945 in organisaasje dy’t him ynset foar de Fryske taal en kultuer. Wy fine it wichtich, dat der goede ôfspraken makke wurde yn de nije BFTK. Yn dizze brief jouwe wy jimme dêrom in tal punten mei, dy’t jimme brûke kinne yn jim rûne tafelpetearen.
Wy beneame graach de top tsien fan punten, dy’t de Ried fan de Fryske Beweging wichtich fynt. Dy tsien punten binne:
- It yn de ûnderwiiswetten opnommen betingst draachflak foar it fak Frysk moat skrast wurde. Foar rekkenjen en Nederlânske taal wurdt ek net oan skoallen frege oft se der wol les yn jaan wolle.
- Hanthavenje konsekwinter op de regels dat bestjoersorganen en iepenbiere tsjinsten taalbeliedsplannen foar it Frysk hawwe moatte. Soargje dat se dy ek útfiere.
- Stimulearje it lykweardich brûken fan it Frysk yn de media.
- Meitsje fan Fryslân in aparte kultuer-regio.
- Stimulearje lykweardigens fan it Frysk yn de digitalisearring. Tink dêrby oan ‘text-to-speech’, mar ek oan ‘artificial intelligence’.
- Meitsje it Frysk in funksje-eask yn iepenbier bestjoer, ûnderwiis en soarch.
- Hevelje taken fan de gemeenten oer nei de provinsje, as it om Fryske taal giet.
- Meitsje de punten út it rinnende BFTK ôf. ‘Soargje derfoar dat de nije BFTK op alle flakken in ferbettering is.
- Stel easken oan ynstellingen oer it brûken fan de Fryske taal by it jaan fan subsydzje.
- Set wer yn op in brede publykskampanje foar it Frysk.
Yn de taheakke ljochtsje wy dizze punten fierder ta. Wy winskje jimme goede rûne tafelsesjes ta en binne altyd ree om jim mear ynformaasje te jaan.
Mei freonlike groetnis.
Bestjoer Ried fan de Fryske Beweging
———
It is in iepenbiere gearsit yn De Haach, mar it is ek mooglik om it petear rjochtstreeks te folgjen. Dat kin mei de livestream nei de Thorbeckeseal: https://www.tweedekamer.nl/vergaderingen/livedebat/thorbeckezaal
Ik tocht dat de RfdFB ynsliept wie. Moai om te sjen dat der in ridlik dúdlik ûnderboude reaksje leit.
Oer sliepen sprutsen: it falt net ta, om by sa’n brief noch wekker te bliuwen.
Gjin idee of dit in ferplichting of it belied fan dizze skoalle is, mar by Singelland yn Burgum kinne de bern Frysk, nei it earste jier, inkeld neist Dútsk dwaan as ekstra fak en yn it lêste jier moatte hja kieze tusken beiden. Dat betsjut dus dat bern dy’t muoite ha mei learen der mar fan ôf sjogge want it in ekstra fak en de tûke bern kin net beiden dwaan (as eksamenfak).
Soks liket my ek net ideaal. Miskien dat it te kreien hat mei oerstap nei in nivo heager/mbû/hbû ofsa. Mar oars soe it ek moai wêze dat hja gewoan foar Frysk kieze kinne sûnder Dútsk, of dat hja beide dwaan kinne by de eksamens.
https://www.singelland.nl/burgum/schoolgids
> het rooster