Publykskampanje set natuerlik betelber iten yn glânsrol
Resint ferskynd
‘Natuerlik betelber; ús boeren en túnkers soargje derfoar.’ Dy reklame is fan 1 novimber ôf faak op ’e radio te hearren. Sûn en betelber iten út Nederlân hâldt minsken dwaande. Sûn iten is djoer en der lizze in protte produkten fan fier fuort yn ’e supermerk. Boeren en túnkers soargje foar natuerlik betelber iten. Yn ruil dêrfoar freegje se om takomstperspektyf. Boere-organisaasjes ZLTO, LLTB en LTO Noard rôle, retten yn gearwurking mei de agraryske brâns, de reklamekampanje op de media ta.
Yn de kampanje steane produkten dy’t boeren en túnkers meitsje yn ’e glânsrol, lykas ierdbei, ierappel, prei, molke, fleis, aai en woartel. Lekker en sûn iten foar in earlike priis. Dêr wurkje boeren en túnkers alle dagen foar. Mar dat is net sa fanselssprekkend, foaral net as de takomst fan boeren en túnkers yn Nederlân troch de polityk faai komt te stean. Boargers hawwe baat by in sûne lân- en túnbou dy’t yn goede balâns mei natuer en miljeu de romte kriget om him te ûntwikkeljen. Allinnich dan is Nederlân by steat om fiedsel yn ’e takomst ek betelber foar elkenien te hâlden en boeren en túnkers foldwaande perspektyf te bieden. De nije kampanje is ûnderdiel fan GeefBoerenToekomst.nl.
Meidwaan
Mei ZLTO, LLTB en LTO Noard hawwe in stikmannich bedriuwen út de agraryske brâns de basiskampanje ûntwikkele. As mear bedriuwen meidogge, soarget dat foar mear mediaberik en sichtberens ûnder boargers. Minsken yn Nederlân kinne de kampanje stypje troch aksjematerialen te bestellen en te dielen. Sa binne der posters, radioreklames en belmeldijen besikber op ’e webside.
Mear ynformaasje oer de kampanje is te finen op: www.geefboerentoekomst.nl.

Boarne: LTO Noard
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje