‘Protterdûns’ yn Natuermuseum Fryslân

oktober 11, 2023 08:17 Fernijd

Yn de nije eksposysje Spreewendans / Protterdûns fan fotograaf Erik Hijweege yn it Natuermuseum Fryslân yn Ljouwert binne foto’s fan swaarmen protters boppe it Fryske lânskip te sjen. De Protterdûnsen binne dynamyske keunstwurken, dy’t hieltyd oare foarmen oannimme: in walfisk feroaret yn in ein, de ein feroaret yn in seehûn.

Boarne: Natuermuseum Fryslân

Tagelyk is eltse yndividuele protter op de foto’s hierskerp yn byld brocht. Mei ferskillende protters út de museumkolleksje en aktiviteiten foar bern wurdt ek de biology efter it bysûndere swaarmjen fan protters útlein.

Driigjende loften
Erik Hijweege jaget graach efter stoarmen oan. Yn de Feriene Steaten reizge er jierren as tornadojager om en makke er swide foto’s fan dy aaklike loften en it natuergeweld dy’t dêr in foarboade fan binne. Yn koroanatiid, doe’t reizgjen net mooglik wie, rekke er yntrigearre troch oare driigjende loften, nammentlik dy fan protterwolken en -swaarmen.

Natuerlik spektakel
Yn 2020 luts Hijweege troch it Fryske winterlânskip om dêr de protterdûns fêst te lizzen. It is bekend dat protters har yn groepen fan tsientûzenen of soms wol hûnderttûzenen fûgels sammelje. Harren jûnsflechten binne in fassinearjend skouspul. De swaarmen waaierje útinoar, fertichtsje har dan wer en swiere troch it loftrom as in pinsiel oer in doek. Hijweege beskriuwt de fleanerij sels as in ‘poëtyske goreografy’.

Sân soartgenoaten
Hoewol’t it liket as sjit in protterswaarm alle kanten op, fleane de ôfsûnderlike protters eins yn in stadich tempo fan sa’n tritich kilometer yn ’e oere. De fûgels fleane smûk byinoar, mar hâlde dochs wol in heale meter ôfstân. Nettsjinsteande dat se hieltyd fan rjochting feroarje, botse se net tsjininoar oan. Dat komt, sa hat ûndersyk troch de RUG útwiisd, trochdat eltse protter hieltyd sân soartgenoaten yn ’e gaten hâldt.

Mei-inoar sterk
It hieltyd swaaien fan in protterswaarm tsjut der meastal op dat in rôffûgel yn ’e buert is. In inkelde protter soe net folle kâns meitsje foar in sparwer of in hauk oer, mar in protterwolk soarget foar feiligens. Men sjocht wolris in rôffûgel yn in swaarm dûken, mar meastal komt er der mei in lege bek wer út. Der binne boppedat in protte eagen yn in groep en in rôffûgel wurdt earder sjoen. Wa’t goed sjocht, kin ek op de foto’s fan Hijweege hjir en dêr in rôffûgel ûntdekke.

Aktiviteiten
Yn it Natuermuseum binne net allinnich foto’s fan protterswaarmen te sjen. Ferskillende protters út de museumkolleksje binne ek te bewûnderjen, lykas in bysûndere prachtprotter en in albino. In gewoane protter blykt mear kleuren te hawwen as men op it earste gesicht tinke soe. Besikers kinne ûnderfine hoe goed oft protters oare lûden neidwaan kinne en hoe’t it is om sân soartnoaten yn ’e gaten te hâlden.

Oer Erik Hijweege
Erik Hijweege fotografearret sûnt 1998 en lit him troch syn fassinaasje foar natuerferskynsels liede. Hy hie ferskate soloútstallingen yn eigen lân, mar ek yn de Feriene Steaten, Ruslân en Frankryk en naam diel oan groepseksposysjes yn ûnder oaren Lúksemburch, Sweden en Brazilië. In protte fan syn wurk is yn boekfoarm útkommen en fan Protterdûns is ek it byhearrende boek ferskynd. Dat is foar € 28,95 yn de museumwinkel te keap.

Spreeuwendans / Protterdûns is oant 7 jannewaris 2024 te sjen yn Natuermuseum Fryslân, www.natuurmuseumfryslan.nl.

oktober 11, 2023 08:17 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.