Programma ‘Bitterswiet’ op 9 novimber yn Keunsthûs SYB

oktober 29, 2023 08:15

Op tongersdei 9 novimber presintearret Keunsthûs SYB yn gearwurking mei keunstner Liza Prins dy har nije publikaasje Bitterswiet: A Tiny Mulder Inquiry in Word and Voice mei in spesjaal programma. It programma is ûnderdiel fan de Fryske Boekewike, dy’t fan 4 o/m 12 novimber yn hiel Fryslân organisearre wurdt.

Boarne: Keunsthûs SYB

Yn it programma is in spesjale harksesje opnommen mei gedichten fan Tiny Mulder yn it Ingelsk en Frysk, petearen mei de útjouwer en oaren dy’t in bydrage levere hawwe plus in sinjearsesje.

Programma en oanmelde
16:00 – 16:15: Ynrin
16:15 – 16:25: Wolkom
16:30 – 16:45: Harksesje
16:45 – 17:15: Groepspetear mei Liza Prins, Alina Lupu, Nina Glockner en Toni Brell
17:15 – 18:00: Slokje en sinjearsesje

Oanmelde kin fia dizze skeakel.

Oer Bitterswiet
Bitterwiet is in blomlêzing fan essees, gedichten en oar wurk dat (de Fryske) taal ûndersiket as middel ta ferset. It is in reis troch it wurk en libben fan de Fryske dichter Tiny Mulder, it teoretysk wurk fan Anne Carson en de skiednis en de fonetyk fan it Frysk. Dêrby ûndersiket de publikaasje de affektive kwaliteiten fan sprutsen taal yn it algemien en fan it Frysk yn it bysûnder, om te ûntdekken hoe’t we bouwe kinne oan in grinsleaze, leafdefolle tsjûgenis fan in oare wrâld.

It boek is skreaun yn it Ingelsk en it Frysk, befettet bydragen fan Ed Knotter en Alina Lupu, wurdt útjûn troch n.k.g. Publications en is foarmjûn troch Toni Brell. It boek waard mooglik makke troch it Feitsma Fûns / Fûûns foar it Frysk, it Mondriaanfûns en Keunsthûs SYB

Bitterswiet is ûntstien yn de perioade fan de ûndersyksresidinsje fan Liza Prins yn Keunsthûs SYB yn 2022. Bij SYB wurke Liza gear mei Alina Lupu (SYB Circles) oan in briefwiksel. Mei Ed Knotter wurke de keunstner gear om in byld te krijen fan ferskaat oan tonaliteiten dy’t yn Fryske lûden ta utering komme kinne, de skiednis fan it Frysk en (non-)oersettongen. By Tresoar, it argyf dat ûnderdak jout oan in protte skatten as it om Fryske taal en kultuer te rêden is, hat hja ûndersyk dien nei lûdsopnamen fan Tiny Mulder.

Oer de keunstner
Liza Prins is keunstner, ûndersiker en skriuwer, fêstige te Amsterdam. Hja waard oplaat as keunstner oan de Gerrit Rietveld Academie yn Amsterdam en oan the School of the Art Institute of Chicago en studearre ôf mei in master yn Artistic Research oan de Universiteit fan Amsterdam, dêr’t har skripsje him rjochte op it krúspunt fan feministyske, nije materialistyske metodology en performative artistike wurkwizen.

Tongersdei 9 novimber 2023
Tiid: 16:00 – 18:00 oere
Lokaasje: SYB, Haadstrjitte 70, Beetstersweach

Sjoch op www.kunsthuissyb.nl foar mear ynformaasje.

oktober 29, 2023 08:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.