Pier Bergsma: Wreed fersteurde swiete dreamen

oktober 12, 2023 08:41

Skôging

De nije film Sweet dreams dy’t om 1900 hinne op in sûkerplantaazje op Java spilet, lit dúdlik sjen wat der mis wie mei ús koloniale ferline. Dochs wiene de measte Nederlanners oertsjûge fan nut en needsaak fan de ‘spesjale militêre operaasje’ fan fuort nei de oarloch.

Boarne Rijksmuseum Amsterdam (publyk domein)

Fan ferline wike ôf draait Sweet Dreams yn de bioskopen. De film is de ynstjoering foar in Oscarnominaasje yn 2024 en wûn in soad prizen, seis Gouden Kalveren op it Nederlandse Filmfestival, ek as bêste film. It ferhaal spilet om 1900 hinne op in sûkerplantaazje yn Nederlânsk Yndië. De baas fan it spul is krekt ferstoarn en de Nederlânske oerhearskers hawwe goed yn ’e gaten dat it oer in skoft wolris dien wêze kin mei harren macht. Op dat stuit wiene der sa’n 42.000 Nederlanners yn Yndië dy’t de baas spilen oer 35 miljoen minsken.

It tema is nijsgjirrich mei de fokus op de machtsferhâldingen foar de ynlânske befolking oer, mei (ek) seksueel geweld. De film is foar in part opnommen yn it Frânske La Réunion. Hy sjocht der goed út, der wurdt perfekt spile, de waarmte fan it lân is te fielen en oeral gûnzje de miggen. De kranten hiene positive resinsjes. Dochs foel de film ús – myn frou en ik seagen him yn Slieker – wat ôf. Dat hat te krijen mei de wat aparte ein fan de film. Hawar. Hy draait noch de kommende tiid. Jimme kinne in eigen oardiel foarmje.

Yn 1830 waard yn Yndië it ‘Cultuurstelsel’ ynfierd. Dat hold yn dat bygelyks de boeren op Java in fiifde part fan harren lânbouproduksje ôfstean moasten oan it regear. It waard ôfskaft yn 1870. Dêrnei kamen der bûtenlânske bedriuwen op Yndië ôf om oan de lanbouprodukten te fertsjinjen. Dat gie it om kofje, tee, krûden en letter om rubber en oalje. Ek om sûker. Sûkerreid koe net ferfierd wurde. Sadwaande kamen der in stikmannich sûkerfabriken, benammen op Java. Yn it Rijksmuseum yn Amsterdam hinget it skilderij De suikerfabriek ‘Kemanglen’ bij Tegal (of Tagal), om 1875 hinne op Java skildere troch Abraham Salm. Yn 2021 hong it op de grutte Slavernijtentoonstelling yn it Rijksmuseum.

Sa stadichwei oan wurdt it elkenien nei al dy jierren dúdlik wat der mis wie en mis gie.

Der is op it stuit in soad te sjen oangeande de Nederlânske oerhearsking fan Yndië en ús koloanjes. In tige slagge TV-searje Indonesia roept fan Hans Goedkoop, fan 21 oktober ôf de Grote Indonesiëtentoonstelling yn de Nieuwe Kerk yn Amsterdam en net te ferjitten op sneon 4 en sneon 18 novimber komt de toanielgroep Orkater mei it muzykteäter De plantage van onze voorouders yn de Harmonie en de Lawei, om mar in pear foarbylden te neamen. Dat spilet trouwens yn Suriname. Der sil net in grut ferskil wêze mei East-Yndië.

Koartlyn lies ik in part fan Rubber fan Madelon Szekely-Lulofs út 1931. It is net mear te keap, wol te lien by guon biblioteken. It boek krige yn dy tiid in soad omtinken, mar ek krityk, omdat de skriuwster in goed byld sketste fan de swiere en hast misdiedige omstannichheden op de plantaazjes yn Yndië. It boek krige in protte oersettingen. Yn Dútslân waarden der 80.000 fan ferkocht en it boek waard ferfilme. Ik fûn by antikwariaat Isis yn Grins it boek Koelie. Dat kaam yn 1932 út. Dêr sketst Madelon Lulofs it slavebestean fan de kontraktarbeiders op de rubberplantaazjes yn.

Ien fan de bêste boeken oer Nederlânsk Yndië is Revolusi, Indonesië en het ontstaan van de moderne wereld fan David van Reybrouck út 2020. Ik jou ien treffend foarbyld dat in byld jout fan dy wrâld. Op side 132 skriuwt er oer it boekje Populair Maleis: “Je krijgt de indruk dat de belangrijkste werkwoordsvorm in het Indonesisch de gebiedende wijs was. ‘Djongos ga naar de winkel.’ ‘Koki haal warm water.’ ‘Kebon veeg de tuin!’”

Sa stadichwei oan wurdt it elkenien nei al dy jierren dúdlik wat der mis wie en mis gie yn ‘ús’ Nederlânsk Yndië, foar safier dat al net bekend wie. Sweet dreams rint ek net goed ôf en dêr spilet sûker in wichtige rol by.

Ik beslút mei in útspraak fan regiseur Ena Sendijarevic fan de film: “Je kunt nu makkelijk zeggen hoe dom en slecht die koloniale tijden waren en hoeveel beter wij nu zijn en hoeveel beter we het nu snappen, maar dat is helemaal niet waar. Wij zijn eigenlijk precies zo.”

Hjir de trailer fan de film.

 

oktober 12, 2023 08:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.