Pier Bergsma: Hiene we noch mar in Hans Wiegel

oktober 19, 2023 12:00

Skôging

Hans Wiegel (1977). Foto Hans Peters, Anefo. Boarne wikipedia CC0

Tajûn, ús politike machthawwers nimme sa no en dan besluten dy’t net út te fieren binne. Sa wrakselet in part fan Nederlân mei de stikstofreduksje. De natuer beskermje – mei fan dy gefolgen dat de boeren yn it harnas jage wurde – en wenningbou ferbiede, binne dêr foarbylden fan.  

Guon binne fan betinken dat sokke besluten nommen wurde troch in brek oan demokrasy. No hawwe wy op it stuit 21 fraksjes yn de Twadde Keamer. Dat is neffens de Earste Keamer net genôch foar in “solide demokrasy” dêr’t de inisjatyfnimmer fan it  ‘bindend correctief referendum’ Renske Leijten foar pleitet. Op 10 oktober stimden leden 45 foar en 22 tsjin.

Op 19 maaie 1999 moast de Senaat ek stimme oer dat kroanjuwiel fan D66. Hans Wiegel stimde tsjin en dat wie de ein fan dy ûndernimming. It kabinet foel, want it wie foar D66 net akseptabel om troch te gean mei dat kabinet nei alle war dat de partij dien hie om syn wichtichste ‘kroonjuweel’ dertroch te krijen.

It oare ‘kroonjuweel’, dat fan ‘de keazen boargemaster’, hearre we de lêste tiid net folle oer. D66 hat wol berikt dat de grûnwet op dat punt feroare is. Yn de praktyk wurdt der oant no ta neat mei dien.

No werom nei dat referindum. It docht bliken dat we op in eventueel ynfieren noch jierren wachtsje moatte. Der binne in soad obstakels om te oerwinnen yn ferbân mei de needsaaklike wiziging fan ‘e grûnwet. Boppedat moatte de beide Keamers dêr nochris oer beslute. It hinget dêrom foar in part fan de gearstalling fan de Twadde Keamer nei 22 novimber ôf. Populistyske partijen lykas de PVV, FvD en de SP binne poer foar. Neffens harren soe in binend korrektyf referindum rekken hâlde mei wat de minsken wolle. Mar it folk bestiet net en as wy betrouwe moatte op wat it folk wol, reitsje wy ​​fier fan hûs ôf.

Wis, der is krityk mooglik op de demokrasy. Der binne koartlyn in pear nijsgjirrige stúdzjes útkommen oer de demokratyske ûnfrede yn westerske maatskippijen, lykas Yascha Mounk syn The People vs Democracy of Michael Sandel syn Democracy’s Discontent. Dy stúdzjes geane ûnder oaren oer de bedrigingen foar de rjochtssteat en de grutte kleau tusken earm en ryk.

By it referindum giet it om wat oars. Neffens guon is de ôfstân tusken ‘de polityk’ en ‘it folk’ te grut. Dy is yndied grut en dat moat foaral sa bliuwe. Allinnich sa kin in parlemintêre demokrasy goed funksjonearje. Dêr giet it ommers om besluten dy’t net oan alle winsken temjitte komme kinne.

De fraach bliuwt hokker polityk probleem oft oplost wurdt troch it ynfieren fan in binend korrektyf referindum. Der binne aaklige foarbylden. Wy witte noch hoe’t it referindum oer it assosjaasje-akkoart mei Oekraïne gie. Neffens Marine le Pen is yn Frankryk dit jier de folkswil skeind trochdat de oerheid dochs de pensjoenleeftyd ferhege hat. Yn Ingelân soarge de ‘wil fan it folk’ ? foar de Brexit. Yn referindumparadys Switserlân duorre it oant 1990 foardat it frouljuskiesrjocht yn alle kantons ynfierd waard. Aldergelokst is it Frankryk en Nederlân oant no ta slagge om oan de kueren fan de folkswil te ûntkommen. De kakofony fan politike stimmen is al grut genôch. Wy hawwe gjin ferlet fan fraksje 22.

Hjir in  filmke oer ‘De nacht van Wiegel’

oktober 19, 2023 12:00
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. G. Haachstra oktober 20, 08:37

    Ja, dan it Hollânske en Hollânsktalige De Haach mei syn 200 jier yndirekte parlemintêre ‘demokrasy’. Wat hat it wanbelied dêre Fryslân en it Frysk al dy tiid opsmiten? De kranten steane der alle dagen fol fan. In echte demokrasy mei in rjochtfeardich taalbelied en ûnderskate soarten referinda is dochs wier te finen yn Switserlân. Mei in wiidweidige en ‘earlike’ foarljochting. By de grutte mannichte fan in folk sit sadwaande gâns mear ferstân en reedlikens as allinnich by sa’n150 Haachske wiisnoazen.

    Ek nijsgrrich: https://broerstraat5.maglr.com/rug-herfst-2023/grabbeltonbeleid

  2. Cor Jousma oktober 20, 16:25

    [Populistyske partijen lykas de PVV, FvD en de SP binne poer foar]

    Bêste Bergsma,

    Ik tink dat jo in partij as de SP dy’t ik net stypje, tekoart dogge om dy yn it populistyske hoekje te setten. Dyselde partij hat in soad wurk yn it fjild, lykas helpe mei belestingpapieren ensfh., fan de PvdA oernaam. Mei de oergong nei Kok seach de PvdA sokke minsken net echt mear stean.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.