Offalfrije kuiertocht yn fjouwer Fryske stêden

oktober 20, 2023 08:22

Foto: Zero Waste Tour

Yn ’e wike fan 28 oktober o/m 4 novimber wurdt yn Dokkum, Harns, Ljouwert en Snits in fergeze kuiertocht organisearre troch Zero Waste Fryslân.

In libben mei minder ôffal liket ûnmooglik yn dizze drokke tiden. Mar boargerbeweging Zero Waste Nederlân lit sjen dat it kin. Skjin Wetter nimt it inisjatyf foar dy kuiers, omdat it foarkommen fan ôffal wichtich is. By de kuiertocht wurde de dielnimmers troch in lokale gids rûnlaat. Dy giet mei de besikers mei by lokale ûndernimmers lâns dêr’t de klanten ferpakkingsfrij boadskipje kinne. Yn in duorsumere maatskippij moat ôffal ta it uterste beheind wurde.

By de kuiers wurde praktyske winken jûn foar it bydragen oan in skjinnere planeet: bewust konsumearje en minder ôffal efterlitte. By Zero Waste Tours leare de dielnimmers om dêr op in aktive wize wat oer te learen. Der is ek genôch tiid om fragen te stellen. De kuiertochten wurde altyd as tige gesellich en ynspirearjend ûnderfûn. Der is foar elkenien wat nijs te ûntdekken.

Elish Pals, oprjochter fan Zero Waste Nederlân: “It measte guod dat we fuortdogge, hat gjin nije bestimming en wurdt mar ien kear brûkt. Troch it meinimmen fan jins eigen bôlepûde, bakje, beker en taskes begjint men thús mei it lytser meitsjen fan de ôffalberch.”

Yllustraasje: Zero Waste Tour

In protte minsken wolle in stientsje bydrage, mar witte net goed wêr te begjinnen. “Sels fûn ik it in hiele iepenbiering doe’t ik derefter kaam yn hokker fersoargingsprodukten ferburgen mikroplestiks sitte”, seit Lemke Statema, projektlieder fan Skjin Wetter. De Zero Waste Tours binne in ferlingde fan de opromaksje Skjin Wetter dy’t fan 7 o/m 14 oktober holden waard. Tanksij in bydrage fan de Ljouwerter Rotary Clubs kinne wy dit jier neist it oprjomjen ek previntive aktiviteiten opsette. Op dy wize is der noch mear omtinken foar Skjin Wetter en kinne we ek oan ’e foarkant wat betsjutte. Mei Skjin Wetter sette we ús foar in skjinnere libbensromte yn Fryslân yn.”

Plakken, data en tiden fan De Zero Waste Tour:
Snits: sneon 28 oktober: 9:30 – 11:30 oere;
Harns: woansdei 1 novimber: 9:30 – 11:30 oere;
Ljouwert: freed 3 novimber: 10:00 – 12:00 oere;
Dokkum: sneon 4 novimber: 10:00 – 12:00 oere.

De kuiers binne fergees te folgjen. Fan tefoaren oanmelde is needsaaklik fanwegen it beheind tal beskikbere plakken. Oanmelde kin fia dizze link.

oktober 20, 2023 08:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.