Nijjiersrevu De Jouwer: Oktober, yn ’e grûnferve
Resint ferskynd
Bloch
Op wei nei de 36e Nijjiersrevu op ’e Jouwer (10)
In goed moanne binne wy no mei de 36e Nijjiersrevu oan ’e gong. De measte sketsen en lieten steane al moai yn ’e grûnferve. Oan it ôflakken binne wy no noch net ta.

Foto: Revuploech De Jouwer
Wie de foarige moanne de band noch net kompleet, yntusken hawwe wy in nije toetsenist fûn: Chris. Chris is in jongeman dy’t al de nedige ûnderfining yn ’e muzykwrâld hat. Fansels is it noch efkes ôftaasten, mar wy hawwe der alle fertrouwen yn dat it goed komt mei Chris yn ús revuband. It wurkjen mei ús nije muzikaal lieder giet ek bêst. Omar hat sa njonkelytsen in byld krige fan wat ús spilers en muzikanten kinne en de spilers hawwe in byld fan Omar syn wurkwize. Sadwaande binne der al mearstimmige koarkes foarme, witte de muzikanten wat se dwaan moatte en steane der al in pear duetten prachtich yn ’e stegers.
Wat de sketskes oanbelanget binne wy ek al moai op wei. De rolferdieling stiet sa goed as fêst. Hast alle sketskes binne trochnommen en de spilers moatte der no ek thús mei oan ’e gong. Thús is it plak dêr’t de teksten leard wurde, sadat we ús by de repetysjes op ’e mis-en-scènes rjochtsje kinne. De nije spilers binne al moai yn de groep opnommen en dogge harren stjonkende bêst. It is prachtich om de ynset fan elkenien te fernimmen.
Hoewol’t se altyd wolkom binne, wurde ein oktober alle skriuwers útnûge by in repetysje. Sa kinne se besjen wat der fan de troch harren skreaune lietteksten en sketskes makke wurdt. Is it sa’t sy it bedoeld hawwe? Komt de klû der goed út? Hawwe se oare ynsichten, tips en tops?
Dan noch efkes werom nei septimber. Ein septimber stie fansels de hiele Jouwer op ’e kop fanwegen de Joustermerke. Jousters kinne der mar om tinke; foardat se it witte wurdt der oer harren in skets, liet of anekdoate foar de revu skreaun…
Joustermerkesnein mochten wy as Nijjiersrevu meirinne op ’e reade loper yn ’e Midstrjitte. De revu soe de revu net wêze as wy der net ús eigen draai oan joegen. Sa hawwe wy der in wiere act fan makke. Wy hiene in sjoernalist dy’t de minsken it himd fan it liif frege om oeral fan op ’e hichte te reitsjen, der die in steltrinner mei, ús akrobaat wie yn it spier mei in keukentrepke, in pear froulju op hege hakken hiene it heechste wurd en galmen de heechste noaten troch de Midstrjitte … It koe it besjen wol lije, sa die bliken, want wy krigen moaie reaksjes. In sfearympresje krije jo as jo it filmke hjirûnder besjogge. Fansels wie it foar ús in moaie manier om de minsken op ’e hichte te bringen fan ús foarstellingen. Minsken krigen in struibriefke mei foar op ’e kuolkast en om de data yn it bûsboekje te skriuwen.
No binne wy alwer oan ’e ein fan ús oktoberbydrage. De skriuwer fan dit stikje sil har no talizze op it learen fan teksten, it oefenjen fan de lieten en it tarieden fan it stúdzjewykein.
De grûnferve is hast droech. Aanst nochris skuorje en dan in pear lagen ôflak derop. Net te hastich fansels, oars misse wy de lêste aktuele saken yn en om ’e Jouwer. En … wy hawwe it noch efkes oan tiid oant jannewaris 2024.
Folkeline Papjes, oktober 2023
Besjoch in filmke fan de Reade Loper-show op ’e Joustermerke 2023:
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje