Nije dichtbondel fan Elske Kampen: ‘Net fiksearre hûs’

oktober 1, 2023 08:25

Net fiksearre hûs is de sechsde poëzybondel fan Elske Kampen. Hja ropt dêr in wrâld yn op dy’t leit tusken de werklikheid fan in ienfâldich Ru-skaaltsje yn Museum Prinsessehof en de ûnwerklike thúskomst fan ien dy’t net bestie. Dichtsje is foar Elske Kampen in foarm fan oarderjen en harmony skeppen. De twang fan de fersfoarm twingt har om ta de essinsje te kommen.

Boarne: Afûk

Ik kleurje dy in houtskoalswarte rok
Heech by it liif oplutsen hâldt dy wyt fan
himd, fan hûd teplak. Waskguod strui ik
as suggestje om dy hinne.

Behindige beam, dûnser mei bruised
knees. Dit lichem dat foar dy ornearre is.
De linkerearm wol fierder, wiist omheech.
rjochts bliuwt in kromming foar it boarst.

Wolst learzens ha, in kleed ploaid op
it gers. Fleanmasine foar sulversneden yn
blau. In túnstoel, kessen, kat. Skets fan
it hûs achter dy noch net fiksearre.

Myn hân krijt dy net helder. Tichtby
en dochs ûnskerp in rûge feech it antlit.
Mei earnstige mûle, eagen boaiemleas
moatst dysels skielk blynseach treaste.

Boekgegevens Net fiksearre hûs
Auteur: Elske Kampen | Utfiering: papieren omkaft | ISBN: 978 949 3318090 | Tal siden: 85 | Ferkeappriis: € 17,50 | websjop.afuk.frl

oktober 1, 2023 08:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.