Nederlânsk Blazers Ensemble spilet ‘Stories from the East’
Resint ferskynd
Yn de nije foarstelling Stories from the East jout it Nederlânsk Blazers Ensemble (NBE) mei trije gastartysten út Iran antwurd op de fraach: ‘As men jins heitelân ûntflechtet, kin men jins ferhalen dan ynpakke en meinimme?’

Ali Ghamsari en Haleh Seyfizadeh (foto: Peter Lodder)
De blazers bringe mei Stories from the East in spesjaal nij programma mei âlde freonen: Ali Ghamsari (tār), Haleh Seyfizadeh (sang) en Sahand Sahebdivani (ferteller). De twa dierbere Iraanske freonen Ali en Haleh spilen al earder mei it NBE yn de suksesfolle foarstelling Bach & Soefi. No binne se werom om it publyk mei de oangripende ferhaleferteller Sahand mei te nimmen yn in ferhaal oer oarloch, flechtsjen en hoop op in nije wrâld. Omliste troch de ferhalen dy’t Sahands âlden as polityk flechtlingen efterlieten yn Iran.
Stories from the East is fan 5 o/m 18 oktober te sjen yn hiel Nederlân.

Sahand Sahebdivani (foto: Peter Lodder)
Foarpriuwke fan it programma:
Beharkje Ali en Haleh by Bach & Soefi yn 2017: NBE & Ali Ghamsari & Haleh Seyfizadeh – Tansif Jam e Digar – fragmint – YouTube.
Of besjoch Haleh en Ali online by Vrije Geluiden út 2017: Haleh Seyfizadeh & Ali Ghamsari: Live Session VG Turning East – YouTube.
Op tiisdei 17 oktober stiet it NBE mei dizze foarstelling yn SPOT/De Oosterpoort yn Grins. Sjoch foar de folsleine spyllist op www.nbe.nl.

NBE (foto: Peter Lodder)
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje