NASA toant grús fan planetoïde Bennu

oktober 12, 2023 12:58

Romtefeartorganisaasje NASA hat bylden toand fan meunsters fan planetoïde Bennu. De stikjes grús út de romte kamen foarige moanne mei in kapsule fan NASA op ierde oan. De ûntbleating wie yn de Johnson Space Center yn Houston yn ’e Feriene Steaten.

Foto: NASA

It is de grutste samling bûtenierdsk grús dy’t ea nei de ierde brocht is. De operaasje fan ferline moanne wie dan ek gjin maklike. Mei in kegelfoarmich apparaat dat op in lytse, fleanende skûtel liek, kamen de stikjes fan de planetoïde op 24 septimber yn de Feriene Steaten oan. De kapsule, fêstplakt oan romtesonde Osiris Rex, wie sûnt 2020 ûnderweis en hat in goed miljard kilometer ôflein. It grús kin helpe by it ûndersyk nei it ûntstean fan libben op ierde, sizze de wittenskippers dy’t it analysearje. Sy litte witte dat it it grutste koalstofrike meunster fan in planetoïde is dat ea nei de ierde brocht is.

Foto: NASA

Wittenskippers ferwachtsje dat der op syn minst in kopke fol grús yn ’e kapsule sit. De krekte hoemannichte is noch net bekend, want it haadfak fan de kapsule is noch net iepene. Mei de stof fan planetoïde Bennu kin mear ûndersyk nei ús sinnestelsel dien wurde.

oktober 12, 2023 12:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.