Multymediapresintaasje oer Tasmanië yn De Wier Koarnjum

oktober 9, 2023 08:16

Yn 2018 ûndernamen Marian en Paul út Koarnjum in spannende en útdaagjende kajakekspedysje by Tasmanië, in eilân en steat fan Australië. Dat alles yn de fuotleasten fan de Nederlânske ûntdekkingsreizger Abel Tasman.

It waard in grutte útdaging foar dy twa profesjonele kajakkers. Hja hawwe in enoarme passy foar de see. Dat blykt wol út it feit dat se by Ierlân, Yslân en Vancouver Island mei de kajak fearn hawwe. Harren driuwfear is dan ek om safolle mooglik seeën te befarren. Njonken avonturiers binne se ek boeiende ferhalefertellers. Yn in jûnfoljend multymediaprogramma nimme se de besikers fan it húskeamerteäter De Wier op dat bysûndere aventoer mei.

De seeën om Tasmanië hinne binne nammentlik wyld. De wyn wie hast ûnfoarsisber en wist fan gjin ophâlden. De kustline mei syn sêfte dunen wie ûnberikber troch muorren fan wetter, dy’t it oanlânjen ferhinderen. Dat allinnich al makke de ekspedysje folslein oars as al dy oare dy’t se ûndernamen. It ferhaal fan dizze twa avonturiers giet oer fallen en opstean, oerlibjen en oer leafde foar de natuer. En dat wolle Marian en Paul graach mei de besikers diele. Nigethawwers binne fan herten wolkom.

‘Onstuimig Tasmanië’ troch Dutchseakayakers Paul de Haas & Marjan Makelaar
Freedtejûn 20 oktober 2023 – húskeamerteäter De Wier, De Wier 5 9056 PM Koarnjum
Oanfang 20.00 uur – doar iepen 19.30 uur – yntree € 10,- p.p.

Oanmelde foar de jûn is ferplichte en kin fia bobdeboer@pinupsanddowns.com of fia telefoannûmer 06-54763154.

Foto: © Marc Brester, poster: © Bob de Boer Photography

oktober 9, 2023 08:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.