Moanne is 40 miljoen jier âlder as tocht waard
Resint ferskynd
Amerikaanske wittenskippers sizze dat de moanne sa’n fjirtich miljoen jier âlder is as earder tocht waard. Dy konklúzje lûke se nei it bestudearjen fan de moannekristallen dy’t astronauten yn 1972 nei de ierde meibrochten. Dat barde by de Apollo 17-misje, de lêste kear dat astronauten op ’e moanne wiene.

Foto: NASA
De wittenskippers ûndersochten hoe âld oft dy sirkoankristallen krekt binne. Hja beseagen de atomen út kristallen en konkludearren dat de moanne op syn minst 4,46 miljard jier âld wêze moat. Earder waard tocht dat de moanne 4,42 miljard jier âld is. It ferskil is dus wol lyts: fjirtich miljoen is in fraksje op in âldens fan goed fjouwer miljard jier.
Atoomsonde-tomografy
By it ûndersyk waard gebrûk makke fan in komplekse metoade om atomen better te bestudearjen, de atoomsonde-tomografy. Dy metoade bestie begjin santiger jierren noch net. Mei atoomsonde-tomografy wurde atomen út kristallen mei in laser ferdampt. Dêrnei kin de massa fan atomen fêststeld wurde en kin it oanpart fan ferskillende soarten uranium- en leadatomen metten wurde. Om’t bekend is dat uranium nei ferrin fan tiid radioaktyf wurdt en úteinlik yn lead feroaret, koene ûndersikers fêststelle hoe âld oft de kristallen binne.
Besjoch in NASA-film fan de Apollo 17-misje:
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje