Metoade foar natuerfreonlik isolearjen yn Fryslân

oktober 24, 2023 08:20 Fernijd

By it isolearjen fan spoumuorren en dakken wurde faak beskerme bisten lykas húsmosken, toersweltsjes of flearmûzen deade. Neffens de Wet natuerbeskerming moatte wenningeigeners ûndersyk dwaan en maatregels nimme om dat foar te kommen. Dat bringt faak langduorjende ûndersiken mei dy’t ek in soad jild kostje. Provinsje Fryslân hat dêrom in metoade fêststeld dy’t it makliker makket om enerzjy te besparjen én de bisten te beskermjen.

Foto: Provinsje Fryslân

De Fryske gemeenten kinne tenei gebrûk meitsje fan de saneamde preesoartemanagementplan-metodyk (pree-SMP-metoade, ûntwikkele troch provinsje Utert). Dêrmei krije se foar harren hiele gemeente in ûntheffing fan de Wet natuurbescherming. Partikulieren kinne dêrtroch harren hûs isolearje. Eigeners fan wenningen meitsje ienfâldich gebrûk fan de gemeentlike ûntheffing troch te kiezen foar in bedriuw dat natuerfreonlik isolearret.

Untheffing foar lange tiid
In betingst foar dizze tydlike ûntheffing is a) dat de gemeente in oanfraach foar in folweardich soartemanagementplan tariedt en b) dat it ekologysk ûndersyk foar dat plan direkt begjint. It duorret sa’n twa jier om in soartemanagementplan (SMP) te meitsjen. Mei in SMP kinne gemeenten by de provinsje Fryslân in ûntheffing oanfreegje foar de doer fan tsien jier. Dizze gebietsûntheffing kin, njonken it ferduorsumjen fan partikuliere wenten, ek ynset wurde foar oare wurksumheden of gruttere projekten.

Ferbliuwplakken
Benammen yn min isolearre wenten hâlde faak fûgels en flearmûzen ta. Omdat krekt dy wenningen in soad isolearre wurde, ferdwine der dus ek in soad ferbliuwplakken. Deputearre Matthijs de Vries: “Mei dizze metoade kinne wy op in goede wize ynfolling jaan oan de ferduorsumingsopjefte. Tagelyk beskermje wy de kwetsbere flearmûzen, húsmosken en toerswellen dy’t yn Fryslân foarkomme.”

Utertske metoade
Provinsje Fryslân makket gebrûk fan de troch provinsje Utert ûntwikkele pree-SMP-metodyk. Utert yntrodusearre de metoade yn 2022. Hast alle Utertske gemeenten binne oansletten. Provinsje Oerisel makket der ek gebrûk fan.

oktober 24, 2023 08:20 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.