Marit Bijlsma waarnimmend direkteur-bestjoerder Fryske Akademy

oktober 24, 2023 09:43

Marit Bijlsma (boarne: Fryske Akademy)

De direkteur-bestjoerder fan de Fryske Akademy dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm is sûnt 17 oktober 2023 mei kreamferlof. Marit Bijlsma ferfangt har.

Marit Bijlsma wurke al by de Fryske Akademy. Hja is koördinator ûndersyksfinansiering en strategyske gearwurking en hat in sit yn it managementteam.

Yn ‘e mande mei de oare meiwurkers stiet hja de kommende moannen noed foar de kontinuïteit fan de rinnende dossiers. Frou Bijlsma wurket op moandei, tiisdei, tongersdei en freedtemoarns.

 

oktober 24, 2023 09:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.