Krekt ferskynd: ‘FC Nostalgia’ fan Romke Toering

oktober 10, 2023 08:18 Fernijd

By de Afûk is koartlyn it boek FC Nostalgia fan Romke Toering útkommen.

Boarne: Afûk

It like as moast Romke Toering yn sân hasten in punt efter it libben sette. En wat dogge jo dan mei de tiid dy’t der noch is? Romke pakte de pinne op en begûn te skriuwen dat it sta sei: koarte en langere ferhaaltsjes, gedichtsjes somtiden, in oade oan heit en mem, paken en beppen, de bakker, de buorlju en al dy oaren dy’t mei-inoar de mienskip foarmen yn syn bertedoarp: Easterlittens.
In berneboek foar âlderen, mei in protte foto’s út in tiid dy’t west hast. Bylden yn wurden fongen. Werkenber foar minsken út de greidhoeke, mar ek fier dêrbûten.

‘Deis in pear oerkes omdolle yn in Greidhoekster ferline, as in punt efter it libben, wie gjin straf. In emosjoneel doel en treast.’

Romke Toering (1947) wie akteur, regisseur, dramaturch, oersetter en skriuwer fan Fryske toanielstikken, û.o. by Tryater en it iepenloftspul fan Jorwert. Yn 1987 krige er de Obe Postmapriis foar syn oersettingen nei it Frysk fan toanielstikken foar Tryater út 1984-1986. Yn 2003 krige er de Fedde en Martha Bergsmapriis foar Frysk toaniel foar it stik Baarderlân, oer de delgong fan de feehannel, dat letter ek as boek ferskynd is.

Boekgegevens FC Nostalgia
Auteur: Romke Toering | Utfiering: papieren omkaft | ISBN: 978 949 3318076 | Tal siden: 192 | Taal: Frysk | Ferkeappriis: € 24,40 | websjop.afuk.frl

oktober 10, 2023 08:18 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.