Krekt útkommen: ‘De groep fan Mees Bok’ fan Lida Dykstra
Resint ferskynd
Op freed 20 oktober binne de earste eksimplaren fan de prachtige nije boekesearje De groep fan Mees Bok, foar begjinnende Frysk-lêzers, oanbean oan de bern fan groep 3-4 fan KBS De Oanrin yn Twizel. De rige fan fiif nije boekjes is skreaun troch Lida Dykstra en yllustrearre troch Ina Hallemans. Earder binne se útbrocht yn it Nederlânsk (De klas van Mees Bok) en dêr is no in Fryske oersetting fan makke.

Foto: Afûk
Yn alle dielen stiet in oar bistje út de groep fan Mees Bok sintraal. De dielen binne los faninoar te lêzen en binne skreaun op it nivo fan begjinnende Frysk-lêzers. De dielen slute allegearre oan op in seizoen fan it jier; sa is de ynhâld aktueel troch it jier hinne. Dêrneist binne de boekjes ek tige gaadlik om as toaniellêsboekjes yn te setten. Dat hawwe de bern fan De Oanrin sjen litten troch De hut fan Das te meitsjen wylst Lida Dykstra mei de groep it ferhaal lies. Geandewei it ferhaal ûntstie der in prachtige hutte dêr’t alle bisten, spile troch learlingen út groep 3-4, op harren eigen wize in bydrage oan leveren.

Foto: Afûk
De skriuwster is der tige wiis mei en grutsk op dat de boeken der binne en fynt it wichtich dat der ek foar de begjinnende lêzer yn it Frysk goed materiaal is. “Mei dizze searje is der foar it earst in rige kleurige boeken om it begjinnend lêzen yn it Frysk foarm te jaan.” – Lida Dykstra

Foto: Afûk
Yn de rige binne de folgjende fiif boeken ferskynd:
* Pas op, baarch! – Baarch fynt in hiel bysûndere pinne. Hy makket allegearre prachtige tekeningen. Dat is leuk! Mar as er in enge foks tekenet… dan blykt dat syn tekeningen begjinne te libjen! (ISBN: 978 949 3318113);
* Knyn yn de put – Knyn wol graach in kado oan Mees Bok jaan. Se giet op ’e siik yn de bosk. In lekkere nút of in moaie bloeiende tûke? As se in hege tûke plôkje wol, falt se yn in âlde put. Wat no? (ISBN: 978 949 3318120);
* Pup giet te fier – Mees Bok giet mei de groep nei it strân. Se bouwe in kastiel fan sân, genietsje fan de sinne en Mees Bok docht in knipperke. Se ha net yn ’e gaten dat Pup mei syn flot fierstente fier de see yn driuwt. Mei-inpar kinne se Pup krekt op ’e tiid rêde. (ISBN: 978 949 3318151);
* Laam, wat bist tûk! – Mees Bok is siik! Hy hat it sop fan in din nedich, mar dat is op! Laam beslút om it op te heljen yn de bosk. Mar dêr leit in berch snie. De freonen geane mei. Soe it harren slagje om de beam te finen en op ’e tiid wer thús te kommen? (ISBN: 978 949 3318144);
* De hut fan Das – Das bout in hut en yn dy hut is hy de baas. Mar de oaren meie der ek yn. Se nimme allegearre wat mei en as der ek noch in fee lâns komt, wurdt it hielendal feest. (ISBN: 978 949 3318137).

Foto: Afûk
Boekgegevens De groep fan Mees Bok
Auteur: Lida Dykstra | Yllustrator: Ina Hallemans | Utfiering: hurd omkaft | Tal siden: 29 | Taal: Frysk | Ferkeappriis: € 9,95 | www.websjop.afuk.frl
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje