Klûskontrôle skoallen fuortset ûnderwiis Waadhoeke

oktober 13, 2023 11:20

Yn it rinnende skoaljier wurdt yn de gemeente Waadhoeke in begjin makke mei it op alle skoallen foar fuortset ûnderwiis kontrolearjen fan de klûskes. De gemeente hat dat ôfpraat mei de direksjes fan CSG Anna Maria van Schurman, RSG Simon Vestdijk yn Frjentsjer en Kampus Middelsee yn Sint-Anne.

Boarne: pixabay.com

Waadhoeke wurket mei it fuortset ûnderwiis oan feiligens
Gemeente Waadhoeke sil mei de middelbere skoallen yn ’e gemeente oan feiligens wurkje. Wethâlder De Vries seit: “It is wichtich dat learlingen har op skoalle feilich fiele. As se har op skoalle feilich fiele, dan kinne se it bêste fan harsels freegje en jaan. Fjoerwurk, wapens, ferdôvjende middels en alkohol passe dêr net by.”

Klûskontrôle
De klûskontrôle op de skoallen is in maatregels om te wurkjen oan in feilich, noflik en kânsryk fermidden op de skoallen. As der kontrolearre wurdt, dan giet dat troch in stekproef. In stikmannich klûskes wurde troch in meiwurker fan de skoallen iepene en kontrolearre. By de kontrôle wurdt ekstra goed op de oanwêzigens fan messen, wapens, ferdôvjende middels, alkohol en fjoerwurk hifke. As wat strafbers fûn wurdt, dan wurdt der troch de plysje dy’t op ’e eftergrûn mei sjocht, op hanthavene.

Wa’t mear oer de klûskontrôle witte wol, mei kontakt opnimme mei de ôfdieling iepenbiere oarder en feiligens fia info@waadhoeke.nl of fia telefoannûmer 0517 – 380 380.

oktober 13, 2023 11:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.