Kampanje #danmoattejohjirnetwêze giet firaal
Resint ferskynd
De kampanje #danmoattejohjirnetwêze (#danmoetjehiernietzijn) fan Topregio.nl hat de ferwachtingen oertroffen. De prikeljende kampanje is op 6 septimber lansearre en hat yn ien moanne al in berik fan mear as trije miljoen minsken.

Dokkum (foto: Wikimedia Commons/Agnes Monkelbaan – CC BY-SA 4.0)
De krúsmediale kampanje bestiet út û.o. in kampanjefideo en njoggen fideoportretten. Dy binne te sjen op Topregio.nl en de sosjale-mediakanalen dy’t dêrby hearre. Yn de kampanjefideo fertelle entûsjaste en ûndernimmende ynwenners út de gemeenten Achtkarspelen, Dantumadiel, Noardeast-Fryslân en Tytsjerksteradiel wat de regio Noardeast-Fryslân unyk makket: de romte, natuer, oangenaam wenjen, feiligens, belibbing, kânsryk en enerzjy wurk en organisaasjes en bedriuwen dy’t derta dogge.
Bêst bewarre geheim
Dat dy fideo’s oansprekke, docht bliken. Yn ien moanne tiid hawwe se in berik fan goed trije miljoen helle. De boargemasters Oebele Brouwer fan Achtkarspelen, Jeroen Gebben fan Tytsjerksteradiel, Johannes Kramer fan Noardeast-Fryslân en Klaas Agricola fan Dantumadiel begripe wol wêrom’t de kampanje mei de fideo’s in hit is. Agricola: “Hy makket nijsgjirrich. Minsken dy’t in fideo besjogge, mar hjir noch nea west hawwe, wolle tink ik dizze regio wolris opsykje. Der is dynamyk, der bart in enoarm soad en tagelyk binne der rêstpunten. It is in prachtige fideorige dy’t sjen lit: kwa wenjen, wurkjen en libjen hawwe we hjir alles.”
Boargemaster Kramer hat mei wille de kampanjefideo’s besjoen. De bylden toane neffens him in ‘bêst bewarre geheim’. “De fideo lit op in autentike manier sjen wat dizze regio sa weardefol makket. Dat is wat moais om te sjen foar minsken bûten de regio, mar grif ek foar de ynwenners sels. Wy klappe hjir noch te folle mei de hannen yn ’e broeksbûse en meie écht wat faker nei-inoar útsprekke wat de regio sa unyk makket.”
Kwaliteiten regio sjen litte
Boargemaster Brouwer slút him dêrby oan. “Wy steane net altyd op ’e foarside fan De Telegraaf en oare kranten, mar it brûst hjir. Dat wolle wy graach mei oare minsken diele. ‘Topregio’ is in ambisjeuze term en jout oan: wy hingje net efteroer, wy dogge ús stjonkende bêst om dizze regio noch moaier en oantrekliker te meitsjen. Wy binne in regio mei in protte potinsje en dat meie wy mear útdrage.”
Oprjocht en natuerlik
De kampanje is ûntwikkele yn opdracht fan Aginda Netwurk Noardeast (ANNO). Dat is it regionale gearwurkingsferbân fan Dantumadiel, Achtkarspelen, Noardeast-Fryslân en Tytsjerksteradiel. Projektkoördinator Ronald Zoodsma fan ANNO: “It moaiste oan de kampanje is dat it oprjocht en natuerlik is. De útnûgjende fideorige jout wer wat hjir libbet en wat hjir te dwaan is. En dat dogge we yn de kampanje op in eigenwize manier en mei humor. Foar ús as ANNO jout de kampanje nije ynbring en mooglikheden om Noardeast-Fryslân noch mear op ’e kaart te setten.”
Betinker en produsint fan de kampanje #danmoattejohjirnetwêze is Sipke Jan Bousema, dy’t sels yn Wyns wennet en wurket en yn Dokkum berne is. Hy makke de kampanje yn gearwurking mei oare makkers út de regio.
Hjir gjin nijs oer Israel en Palestina?