Jonge Fryske autobesitters betelje leechste preemjes

oktober 9, 2023 08:17

Yn Fryslân betelje jonge autobesitters de leechste preemjes fan hiel Nederlân. In autofersekering foar achttjin- oant en mei 24-jierrigen hat hjir in trochsneed jierpreemje fan 1.267 euro. Dat is 25,5% leger as de lanlike trochsneed foar jongelju. Dochs giet it wol om in tanimming fan 22,3% neffens twa jier lyn. Dat docht bliken út sifers fan ferliker Independer.

Foto: pexels.com

Op it stuit betellet in jonge Nederlanner yn trochsneed 22,5% mear preemje as twa jier lyn. Dat komt del op in preemje fan 1.701 euro jiers, sa’n 152 euro yn ’e moanne.

Autopreemje jongelju trije kear sa heech ta as dy fan senioaren
Jonge minsken tusken de achttjin en 24 jier wurde fan alle âlderdomsgroepen it slimst troch de preemjeferhegingen fan autofersekeringen rekke, benammen yn ferliking mei 65-plussers. It priisferskil tusken dy twa kategoryen wie earst noch 826 euro op jierbasis, twa jier letter is dat ferskil oprûn nei 1.097 euro. De âldere betellet no ‘mar’ 7,4% mear foar syn fersekering, wylst de jongere in folle gruttere stiging foar de kiezzen krige, nammentlik 22,5%. Yn mar twa jier is de preemje foar de jongerein goed trije kear safolle omheech gien as foar de âlderein.

Dat der in ferskil is tusken de preemje fan jongelju en in 65-plusser, is op himsels net gek. Jonge minsken betelje nammentlik yn ferhâlding altyd al mear as âldere en automobilisten mei mear ûnderfining. Mar it ferskil is wol tige tanommen. De groep achttjin- oant 24-jierrigen betellet no op jierbasis mar leafst 1.097 euro mear as 65-plussers.

Tanimming set troch yn alle soarten autofersekeringen
Der kin út trije soarten fan autofersekering keazen wurde. As earste de WA-fersekering: dy is ferplichte en dekt allinnich de skea dy’t mei de auto by oar oanbrocht is. De trochsneed jierpreemje foar in WA-autofersekering leit by jongelju yn Nederlân op 1.466 euro (+23,4% neffens 2021). Dan is der de WA+-fersekering, ek wol beheindkaskofersekering neamd. Dy dekt ek WA-skea, plus in stikmannich skeagefallen oan de eigen auto, lykas oan de ruten, stoarmskea en stellerij. De jierpreemje dêrfoar leit yn trochsneed 1.620 euro (+24,2% neffens 2021).
As lêste is der de folsleinkaskofersekering, oftewol de allriskfersekering. Dy fergoedet njonken WA-skea ek hast alle oare skeagefallen oan de eigen auto, ek dy’t men sels feroarsake hat. De trochsneed folsleinkaskofersekering kostet 2.323 euro jiers. Neffens 2021 is de preemje fan allriskfersekeringen yn absolute sin it slimst tanommen, nammentlik mei 383 euro. Dat komt del op in stiging fan 19,8% neffens 2021. “De preemjes fan alle soarten autofersekeringen binne dus heger wurden. Dat komt troch de tanommen kosten fan reparaasjes, hegere leanen en de hegere kosten fan it materiaal.

Der binne grutte ferskillen te finen tusken de fersekerders en is it ferstannich om goed nei de bêste en foardielichste fersekering te sykjen. Der binne ek fersekerders dy’t mei in heger eigen risiko koarting op de preemje jouwe. It is dan wol goed om in ekstra bedrach efter de hân te hâden. Fierder kin men noch kritysk nei de dekking sjen. In âldere auto hoecht bygelyks net sa wiidweidich fersekere te wurden as in nije auto. En men kin kieze om de preemje jierliks te beteljen yn stee fan moanliks. Dat is ek goedkeaper.

Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer it ûndersyk.

oktober 9, 2023 08:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.