It Palestynske drama

oktober 21, 2023 08:55

Ynstjoerd

It is ferskriklik wat der op ’t heden yn Israel en de Gazastripe bart. No al tûzenen minsken binne omkommen as gefolch fan de oarloch tusken Israel en Hamas, sawol oan Joadske as oan Palestynske kant. Oan Palestynske kant giet it om terroristyske Hamasstriders, mar benammen ek om ûnskuldige boargers.
De oanslach fan Hamas falt op gjin inkelde wize goed te praten, mar it is wol saak om oarsaak en gefolch te ûnderskieden. Iensidich wurdt yn it Westen de skuld fan de oarloch dellein by de Palestinen en dêrom soe it rjochtfeardich wêze dat it Israelyske leger bikkelhurd weromslacht. Mar it begjint der lokkigernôch op te lykjen dat Israel de oankundige grûnoarloch tsjin Hamas yn Gaza net trochset, no’t dúdlik wurdt dat der dan ek tûzenen Joadske soldaten omkomme soene. En fierder benammen Palestynske boargers dy’t nearne hinne flechtsje kinne, want feilige plakken binne der net binnen de begrinzing Gaza.

It grutste part fan de westerske wrâld stiet no iensidich efter Israel en kart alles goed. Sa ek premier Rutte, dy’t kritykleas Israel stipet en gjin inkeld begrutsjen hat mei de Palestinen.
Soe it net goed wêze om ek ris nei de rol fan Israel yn de lêste fyftich jier te sjen? Yn dy tiid is de relaasje fan Joaden mei Palestinen hieltyd minder wurden. It kin net ûntstriden wurde dat Israel dêr mandélich oan is. Tsientallen jierren is de Palestyske befolking diskriminearre en binne syn legitime rjochten skeind. Benammen sûnt Nethanyahu oan ’e macht is giet it fan kwea ta slimmer, nammerste mear no’t de ultrarjochtse en ortodoks-Joadske partijen yn it regear sitte. Sa waard Joadske kolonisten op de Westbank dy’t yllegaal nije koloanjes stiften op Palestynske grûngebiet gjin striebreed yn ’e wei lein, sterker noch se waarden troch it leger beskerme tsjin de Palestinen, en krongen Joaden troch yn de foar moslims hillige Al-Aqsa moskee op de Timpelberch yn Jeruzalim.

Dat yn de ôfrûne fyftich jier de relaasje fan Joaden en Palestinen sa út ’e hân rûn is, hie net nedich west. Yn 1993 sleaten premier Rabin foar Israël en PLO-lieder Arafat foar de Palestinen ûnder tafersjoch fan Amearika de Oslo- akkoarten. Doe like frede tusken Israel en de Palestinen tichteby. Mar nei de moard op Rabin yn 1995 troch in Joadske ekstremist en de wegering fan Israel om yn te stimmen mei in foarm fan autonomy foar de Palestinen rekke it fredesproses yn in ympasse, wat úteinlik ta de oarloch yn 2023 yn Gaza late. As de fanatyk-rjochtse en strang-ortodokse Joaden harren sin krije, driget totale genoside op de Palestinen. Dat soe wol wrang wêze nei wat de Joaden sels meimakke hawwe yn de Twadde Wrâldoarloch. De iennichste hoop foar de takomst is dat Amearika syn ferantwurdlikheid nimt en Israel twingt om yn te stimmen mei in autonome Palestynske steat.

Jehannes Elzinga, Frjentsjer

oktober 21, 2023 08:55
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Erwin2.0 oktober 25, 09:56

    It Westjordaanlân moat ûnderdiel wurde fan Israel, oars hat Israel gjin inkelde kâns om him tsjin in Arabyske oanfal te ferdigenjen. It lân is gewoan te lyts. Hawar, dit noait wer?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.