It Palestynske drama as ekskús foar anty-Israel retoryk

oktober 26, 2023 11:27

Ynstjoerd

Pieter de Zwart (eigen foto)

Ofrûne saterdei skreau Jehannes Elzinga in opinystik oer “it Palestynske drama”, nei oanlieding fan de aktuele situaasje yn Israel en Gaza. Ik ha it stik mei ferbjustering lêzen, want der steane tal fan ûnwierheden yn. Ik wol yn dit skriuwen dêrom graach it ien en oar rjochtsette en de oare kant fan it ferhaal in stim jaan.

De hear Elzinga hat gelyk dat it libben foar in soad Palestinen yn Gaza in drama is. Troch it skrikbewâld fan Hamas sit de Palestynske befolking yn Gaza al jierrenlang yn ’e misêre. Frjemdernôch krije in soad minsken net earder moederaasje mei de Gazanen as wannear’t se Israel de skuld jaan kinne.

It moat sein wurde: in ferskil yn de reaksjes fan dy minsken is ditkear wol dat der, foardat de krityk utere wurdt, dochs ek in bytsje meilibben mei Israel toand wurdt. Troch de grouwélige slachtpartij dy’t op 7 oktober troch Hamas-terroristen ûnder ûnskuldige Israelys oanrjochte waard, ha je yn wêzen ek gjin oare kar. As dat foarbehâld makke is, kinne je wer as fanâlds losgean op Israel. Israel hat der by einsluten sels ek wol wat om frege, net?

Dyselde teneur wurd ik yn it stik fan Elzinga gewaar. Om it wisse foar it ûnwisse te nimmen hellet er de situaasje yn it Westjordaanlân, ek wol Judeä en Samaria neamd, ek noch efkes oan. Ik ha sels yn it gebiet west en kin jo fertelle dat de situaasje dêr folslein oars is as yn Gaza. Mar je hoege der fansels net west te hawwen om neigean te kinnen hoe’t de feiten derhinne lizze. It is wichtich om te melden dat hast alle Palestinen yn it Westjordaanlân ûnder Palestynsk bestjoer libje, lykas ôfsprutsen yn deselde Oslo-akkoarten dêr’t Elzinga nei ferwiist.

Elzinga liket ek in selektyf ûnthâld te hawwen as it oer fredesbesprekkingen tusken Israel en de Palestynske Autoriteit giet. Yn 2000 die de Israelyske premier Ehud Barak ûnder tafersjoch fan de Amerikanen op Camp David in fredesfoarstel oan de Palestynske lieder Yasser Arafat. It foarstel omfette de oprjochting fan in Palestynske steat op likernôch 92% fan it Westjordaanlân en 100% fan Gaza, mei East-Jeruzalim as haadstêd. Sa’n bytsje alle easken fan de Palestinen waarden dêrmei ynwillige, mar ta lilkens fan de Amerikaanse presidint Bill Clinton woe Arafat it foarstel net iens as basis foar fierdere ûnderhannelingen brûke. Kwealik twa moannen letter begûn de Twadde Intifada, dêr’t mear as 1000 Israelys by fermoarde waarden troch Palestynske terroristen.

Werom nei de aktualiteit. Elzinga brûkt yn syn stik in pear betiizjende begripen. Hy skriuwt oer Joadske soldaten tsjin Palestinen. Yn werklikheid giet it om Israelyske soldaten tsjin Hamas-terroristen. Dat is in grut ferskil. Israelyske soldaten kinne neist Joadsk nammentlik ek Arabysk, Druzysk of Bedoeynsk wêze. Ut ûndersyk docht fierder bliken dat in mearderheid fan de Arabyske ynwenners fan Israel (likernôch 1,5 miljoen yn totaal) de striid tsjin Hamas stipet. Yndie, de striid tsjin in terroristyske organisaasje fan wa’t de lieders der as grutte skiters in lúks libben yn Katar op neihâlde, net hindere troch ek mar in bytsje ynteresse yn har eigen befolking yn Gaza.

Elzinga hat gelyk dat yn Gaza in drama syn beslach kriget. Mei it iensidich oanwizen fan Israel as oarsaak fan dat drama helpt er de Gazanen lykwols fan de rein yn de drip. Wêr is syn lilkens oer it feit dat Hamas skoallen, sikehuzen en moskeeën brûkt as lansearbasis foar raketten, dêr’t nammers ûnderwilens hûnderten fan yn Gaza sels telâne kommen binne? Wêrom neamt Elzinga net dat Hamas syn befolking as minsklik skyld brûkt en boargers soms sels tsjinhâldt om te flechtsjen nei in warskôging fan de Israelyske loftmacht? En wêrom stelt er gjin fragen by it folslein ûntbrekken fan ferantwurde liederskip yn Gaza, dêr’t Israel him yn 2005 iensidich en sûnder betingsten út weromluts yn de hoop om der frede foar werom te krijen? Sels de moard op seis miljoen Joaden wit Elzinga der noch by te heljen wannear’t er de steat Israel beskuldiget fan genoside op in befolking dy’t yn de ôfrûne 23 jier in groei fan 100% koe (fan 1,1 miljoen Gazanen yn 2000 nei 2,2 miljoen yn 2023).

Ik leau net dat de hear Elzinga kwea yn ’t sin hat, mar it is wichtich om it hiele ferhaal te fertellen en feit en fiksje útinoar te hâlden. Alhielendal yn dizze tiid, dêr’t antysemitisme – foar in part as gefolch fan de situaasje yn Israel en Gaza – heechtij yn fiert. In Joadske skoalle yn Amsterdam hat de doarren slute moatten omdat de feiligens fan studinten en it personiel net waarboarge wurde kin. It Sintraal Joadsk Oerlis wit dêrneist te melden dat yn alle gefallen seis Joadske bern fan skoalle feroare binne, om’t se mei de Hitlergroet begroete waarden en útskolden waarden foar “kankerjoad”. Boppedat wurdt by pro-Palestynske demonstraasjes ornaris oproppen ta de ferneatiging fan de steat Israel, en sa kin ik noch wol efkes trochgean. Sels yn myn persoanlike omjouwing krij ik al kommentaar op de Joadske symboalen dy’t ik sichtber draach.

Sa út en troch binne der mominten dat je kleur bekenne moatte. Dy kleur hoecht net yn te hâlden dat je it iens binne mei alles wat it Israelyske regear docht, mar je kinne wat no geande is net bagatellisearje of relativearje troch de skuld nei beide kanten te skowen. Hamas is it ultime kwea en it iennichste paad nei frede bestiet út it folslein útskeakeljen fan Hamas en syn oanhingers.

It folksliet fan Israel, “התקווה” (Hatikva, De Hoop), bringt my by de ein fan myn skriuwen. Ik sprek de hoop út dat it offinsyf fan Israel geunstich ferrinne mei en dat der gau wer rêst yn Israel en Gaza ûntstean mei. Sa sprek ik ek de hoop út dat der in ein oan it antysemitisme hjir yn de westerske wrâld komme mei. As lêste sprek ik de hoop út dat Israel en de Palestinen in manier fine sille om foar ienkear en altyd yn frede en frijheid mei-inoar te libjen. Ik sitearje rûch in pear rigels út it folksliet: “Dy hoop is noch net ferlern, dy 2000 jier âlde hoop, om frij te wêzen yn it lân fan Sion en Jeruzalim.”

Ik slút ôf mei de wurden: “עם ישראל חי”. Am Yisrael Chai. It folk Israel libbet.

Pieter de Zwart, Damwâld

oktober 26, 2023 11:27
Skriuw in reaksje

21 opmerkingen

  1. Erwin2.0 oktober 27, 23:02

    De Hamas hâldt Palestinen gewoan tsjin as se flechtsje wolle. Dêr steure in protte pro-Palestina minsken har ek net oan.

  2. Folkert Slurf oktober 28, 13:48

    It is dúdlik oan hokker kant do stiest, der is net folle eare te beheljen oan it beneamen fan al dyn iensidige beskôgingen.
    Ik stean sels oan ‘e kant fan de ûnskuldige, ûnbewapene boarger dy ‘t stjert troch terrorisme lykas by de grouwélige foarfallen op 7 oktober.
    Mar ik stean ek oan ‘e kant fan dy boargers dy ‘t troch in saneamd beskaafde steat kollektyf straft wurde.
    Dy ‘t sûnder wetter set wurde.
    Waans stêden tapytbombardearre wurde.
    Dy ‘t as bern yn de finzenis smiten wurde en waans lân yllegaal kolonisearre wurdt.
    En by de tûzenen bern dy ‘t yn de ôfrûne dagen stoarn binne troch Israelyske bommen, en de nei alle gedachten tûzenen dy ‘t noch folgje sille by in ynfal.
    Men kin dêr de terroristen fan Hamas de skuld fan jaan om better sliepe te kinnen, mar gelokkich wurde ek mear en mear minsken wekker en wurde de aksjes fan Israel troch it westen hieltyd minder blynwei goed praat en leaud.
    En dat fyn ik in goede ûntwikkeling.
    Ik haw de hope dat Israel úteinlik begripe sil dat it achteleas platsmiten fan `e gazastripe en it terrorisearjen en deadzjen fan `e Palestynske boargers har op lange termyn neat opleverje sil, krekt oarsom.

  3. Pieter de Zwart oktober 29, 01:22

    Spitich, “Folkert Slurf”, dat jo op anonime titel mei safolle desynformaasje struie. Ik gean fan it goede yn de minske út en rekkenje der dêrom op dat jo net better witte en it goed bedoeld ha. Om misferstannen foar te kommen lis ik graach út hoe’t it werklik sit.

    – Der is gjin sprake fan in kollektive straf. It offinsyf fan Israel is folslein rjochte op it útskeakeljen fan Hamas, de boargers fan Gaza binne net it doel. It is in oarlochsmisdied dat Hamas syn boargers as in libjend skyld brûkt, spitigernôch stjerre dêrtroch ûnskuldige Gazanen.
    – Israel is yn it earste plak net ferplichte om Gaza fan wetter te foarsjen, terreurorganisaasje Hamas is dêr as regear fan Gaza ferantwurdlik foar. Minder as 10% fan it wetter yn Gaza waard levere troch Israel. De oare 90% kaam (en komt) út Gaza sels.
    – Fan tapytbombardeminten is likegoed gjin sprake, Israel falt allinne militêre doelen oan. Hamas pleatst dy lokaasjes (wapendepots, haadkertieren) ûnder sikehuzen, moskeeën en skoallen. Opnij in oarlochsmisdied.
    – Der wurde gjin bern yn de finzenis smiten. Dat is in bespotlike leagen dêr’t ik fierder net iens op yngean sil.
    – Gaza is sûnt 2005 folslein yn hannen fan de Palestinen, Israel hat him doe út dat gebiet weromlutsen. Fan kolonisaasje is dêr gjin sprake. De bou fan Israelyske doarpen yn it Westjordaanlân (troch de FN as in yllegale kolonisaasje beskôge, mar objektyf is dat net) hat neat mei Gaza en Hamas te krijen. It op ien bult smiten fan Gaza en it Westjordaanlân (twa gebieten dy’t polityk besjoen net te ferlykjen binne) is in flater dy’t wol faker makke wurdt troch minsken dy’t gjin ferstân fan saken ha.
    – De bern dy’t stjerre, stjerre suver en allinne omdat Hamas de befolking fan Gaza as minsklik skyld brûkt. Dat falt Israel net oan te rekkenjen. Israel falt gjin boargerdoelen oan. Israel beskermet yn boargers mei wapens, Hamas “beskermet” syn wapens mei boargers.

    Je moatte wol hiel fier hinne wêze om te mienen dat ik myn stik allinne skreaun ha om nachts better sliepe te kinnen. It tsjinoerstelde is wier. Ik ha it út needsaak skreaun, want as it oan minsken as jo lei dan hat it folk Israel aanst hielendal gjin plak mear om nachts te sliepen. Dat sizze en fine jo faaks net letterlik, mar it is wol in gefolch fan jo stânpunt. Wat jo as “goede ûntwikkeling” beskôgje, is in direkte oarsaak fan de tanimmende Joadehaat yn ús maatskippij. Hiele befolkingsgroepen wurde mei desynformaasje opstookt en as wy net oppasse dan is aanst gjin Joad noch feilich yn ús lân.

    Nochris, jo hoege it net mei alles wat Israel docht iens te wêzen. Dat bin ik ek net. Mar je moatte je by it foarmjen fan in miening wol op de feiten basearje en net op fantasyferhalen. As de moardners en ferkrêfters fan Hamas hjoed ophâlde, is der moarn gjin oarloch mear. As Israel hjoed ophâldt, is der moarn gjin Israel mear.

  4. Cor Jousma oktober 29, 11:38

    Oarloggen tusken “boargers” yn in beskate krite lykas by Israël of yn in lân lykas (earder) by Oekraïne smite by eintsjebeslút allinne mar deaden en oare ferliezers op.

  5. Eppie Dam novimber 2, 10:40

    Dêrom wurdt dit konflikt noait oplost. De foto seit it al: dit is de man en de oaren moatte mar om lyk.

  6. Pieter de Zwart novimber 3, 19:05

    Eppie Dam, jo jouwe in nuvere betsjutting oan in ienfâldige foto. As jo by in foto al sa’n rike fantasy ha, dan is dat gjin goed foarteken foar jo oardiel oer de ynhâld.

  7. Cornelis van der Wal novimber 4, 17:01

    Treflik stik fan Pieter de Zwart.

  8. Abe de Vries novimber 5, 10:19

    Miskien kin de redaksje, as tsjinwicht tsjin de Israël-fanmail út Damwâld, ris op syk gean nei lju dy’t earne foar leard hawwe. Set bygelyks dit stik ris op jim site. As Nederlânsktalige teksten op dit plak ferbean binne, wol ik de lêzing ek noch wol yn it Frysk oersette. In link:

    https://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/2023/11/jolle-demmers-over-oorlog-verlamming-en.html

  9. Redaksje novimber 5, 14:49

    Sjoch dizze stikken mei in oare ynfalshoeke: https://www.itnijs.frl/2023/10/it-palestynske-drama/ & https://www.itnijs.frl/2023/10/friezen-as-israeliers/ (mei link nei in âld artikel).

  10. Klaas Groen | Grinsgefål novimber 5, 21:07

    Nei oanlieding fan de Kollumer Oproer kaam ik yn de kunde mei it ferhaal fan Salomon Levy. De bêste man hat in soad neiteam efterlitten. Soe it kinne dat dit hjoededei noch hieltyd ynfloed hat omdat besibbe minsken harren persoanlik ferbûn fiele mei Israël?

  11. Cornelis van der Wal novimber 5, 23:28

    Dus, It Nijs giet daliks al op ‘e knibbels foar Abe, troch it toanen fan Hamas-propaganda. Wat in helden!

  12. Redaksje novimber 6, 09:54

    Graach in ûnderbouwing fan jo stelling, Van der Wal. Wêr miene jo op It Nijs ‘Hamas-propaganda’ te lêzen?

  13. Cornelis van der Wal novimber 6, 13:21

    Johannes Elzinga (sjoch link hjirboppe): ‘De oanslach fan Hamas falt op gjin inkelde wize goed te praten, mar’… Wat der nei dit ‘mar’ komt is wol deeglik goedpraten fan de misdieden fan Hamas. En:

    ‘As de fanatyk-rjochtse en strang-ortodokse Joaden harren sin krije, driget totale genoside op de Palestinen.’ Gjin wurd fan Elzinga oer de hate foar de joaden oer fan de moslims fan Hamas, dy’t like slim binne as IS. Moslims duldzje gjin joadske steat yn it Midden-Easten.

    Israël is de iennichste demokrasy yn dizze regio, mar lju as Elzinga en Abe de Vries soene it leafst sjen dat de Joadske steat ferneatige wurdt.

    It Nijs hat okkerlêsten anty semityske spotprinten mei diskriminearjend kommentaar online setten, dat ik twifelje oan jim objektiviteit yn dit stik fan saken.

  14. Redaksje novimber 6, 14:45

    Tank foar de taljochting, Vd Wal. Neffens ús ynterpretaasje praat Elzinga yn syn ynstjoerde stik de misdieden fan Hamas net goed en de ynstjoering hjirboppe is der al in replyk op. Fansels is it bespotlik om It Nijs foar antysemitysk út te meitsjen; hielendal ûnder sa’n stik as ditte. Jo doele op de alternativen dy’t It Nijs okkerlêsten bea foar rasistyske sprekwurden. Mar guon wolle de bedoeling dêrefter net snappe; dat, lit ús dy diskusje net nochris oerdwaan. Dy is wat ús oanbelanget wol útiten; sjoch hjirre: https://www.itnijs.frl/2022/12/it-nijs-antysemitysk/.

  15. Cornelis van der Wal novimber 6, 14:51

    Dat hie ik al tocht: net lêze kinne, of net lêze wolle. Betteskip.

  16. Cornelis van der Wal novimber 6, 14:52

    Betterskip dus,

  17. Abe de Vries novimber 6, 16:07

    Trol Van der Wal moat ris ophâlde mei syn publike dronkemanspraat. ,,Israël is de iennichste demokrasy yn dizze regio, mar lju as Elzinga en Abe de Vries soene it leafst sjen dat de Joadske steat ferneatige wurdt”, skriuwt er. Bewizen hat er net, oanwizingen ek net. Airplay wol, want sokke mislik meitsjende smaad bliuwt hjir mar wer gewoan stean.

  18. C van der Wal novimber 6, 16:40

    Abe mei graach oer sensuer! Mar haw gjin noed, ik haw myn nocht fan dizze ‘diskusje’

  19. Pieter de Zwart novimber 6, 21:03

    De reaksjes lykje in bytsje út de hân te rinnen, mei frjemde beskuldigingen hinne en wer. As skriuwer fan it opinystik fyn ik it wichtich om myn tinzen oer de lêste reaksjes noch efkes op papier te setten. Dit wurdt myn lêste sizzen oer it stik, want ik ha deis wol wat betters te dwaan.

    Gewoanwei bin ik net sa’n stikjeskriuwer, mar ik ha it stik skreaun as reaksje op it stik fan Jehannes Elzinga. Yn myn eagen fertelt hy yn syn stik net it folsleine ferhaal en mei myn stik woe ik de diskusje yn lykwicht bringe. Yn dy kontekst moat myn stik sjoen wurde en ik kin elk oanriede om it stik fan Jehannes ek te lêzen. It hoecht fierder gjin geheim te wêzen dat myn persoanlike bining mei Israel in ekstra driuwfear west hat.

    Ik fyn it in kwealike saak dat Abe de Vries it net ferneare kin dat der op It Nijs in opinystik te lêzen is dêr’t er it net mei iens is. De Vries mei fansels in oare miening ha, mar yn stee fan de spot mei myn opinystik te driuwen troch it in “Israel-fanmail út Damwâld” te neamen kin er ek in ynhâldlike reaksje jaan. Dat liket er nei de feech út ‘e panne te besykjen, mar hy slacht de planke folslein mis. Dat slút aardich oan by de, hoe sil ik it neame, “bysûndere” stikjes fan De Vries dy’t ik op Facebook wolris lêzen ha.

    De Vries ferwiist nei immen mei de titel “prof. dr.” en beskôget dat dan automatysk mar as immen dy’t ferstân fan saken ha soe. De “prof. dr.” dêr’t er nei ferwiist is Jolle Demmers, ferbûn oan de Universiteit Utert. Frou Demmers is in ûnfris figuer, dy’t earder al trappearre is op it fersprieden fan Russyske desynformaasje. Sjoch bygelyks: https://www.nrc.nl/nieuws/2023/05/03/utrechtse-hoogleraar-conflictstudies-beticht-van-russische-desinformatie-a4163615. Mei oare wurden: earne foar studearre ha is net itselde as earne ferstân fan ha. Dat De Vries sa’n persoan as boarne brûkt seit yn myn eagen genôch oer syn beoardielingsfermogen.

    Klaas Groen jout in nijsgjirrige ynhâldlike tafoeging, dêr’t ik graach ek efkes wat oer sis. De hear Salomon Levy spilet foar my persoanlik gjin rol, mar it soe nijsgjirrich wêze om ris út te sykjen oft de bêste man yn (de omkriten fan) De Westereen ynfloed op de bining mei Israel hat. Ik moat dêr fuort by sizze dat it my net oan wol dat soks de iennichste reden is dat minsken, yn de oarloch dy’t no geande is, partij foar as tsjin Israel kieze. Dêr sit altyd mear achter.

    As it oer Israel giet dan binne Cornelis van der Wal en ik it aardich iens. Dochs fyn ik it wichtich om ek út syn reaksjes wat rjocht te setten. Yn it stik fan Elzinga en de reaksje fan De Vries lês ik gjin oprop ta de ferneatiging fan Israel en it wol my ek net oan dat de hearen dat sa bedoeld ha. Ik diel Van der Wal syn miening oer de redaksje fan It Nijs likegoed net.

    Foar it publike debat is it goed dat elk syn miening heard wurdt. Yn myn eagen jout It Nijs dêr op in lykwichtige wize romte oan, troch sawol it opinystik fan Elzinga as dy fan my te publisearjen. Elk dy’t mient dat der noch mear lykwicht nedich is, is frij om in eigen bydrage te leverjen.

    Ik winskje jim allegear in noflike jûn ta.

  20. Abe de Vries novimber 6, 22:19

    Ik hie fan dhr. Zwart eins in ynhâldlike reaksje op it stik fan prof. dr. Demmers ferwachte. Mar diskusjearje is net dhr. Zwart syn ding, fertocht meitsje wol. ‘Unfris’. ‘Russyske desynformaasje.’ Ik wit fansels net hoe’t it mei dhr. Zwart sit, mar ik ha thús leard om saken fan mear kanten te besjen – in trêft dy’t net sprekt út dhr. Zwart syn Israël-fanmail. Dat docht frou Demmers yn it stik dêr’t ik in link fan jûn ha stikken better, al hoe swart oft dhr. Zwart har ek besiket te meitsjen. En oars, swartmeitsjen docht Knilles folle better. Dy hat aardich koartere preken nedich foar itselde soart misledigingen.

  21. Arjen J. Dijkstra novimber 18, 13:45

    Op 25 novimber 2023 is de Fedde Schurerlêzing oer oarloch en frede (https://www.itnijs.frl/2023/11/fedde-schurerlezing-oer-oarloch-en-frede/)

    Miskien kinne jimme it der by de neisit dan noch eefkes fierder oer hawwe.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.