In ‘ûndûbeldsinnige’ Fryske identiteit kin ek in hiel positive rol spylje

oktober 3, 2023 19:36

Skôging

Foto Gouwenaar. Boarne Wikimedia Commons CC BNY-SA 4.0

Fansels, dêr hat Anne-Goaitske Breteler gelyk oan. It idee fan in Fryske identiteit is mar foar in part ynklusyf. Elk minske hat mear as ien identiteit. Ik bin in man, ik bin in heit en pake, ja, wat net? Mar ik haw my nea bekroade om wat de Fryske identiteit eins krekt is. Dat is ek ûnmooglik om út te finen. Ik nim allinnich waar dat dy identiteit bestiet en dat ik dêr, troch in kombinaasje fan faktoaren, diel oan haw. Mar it identiteitsgefoel dat Anne-Goaitske bygelyks as studint yn Hollân hie, ken ik hielendal net. Ik haw yn “Hollân” wurke, myn hiele skoanfamylje is sa Amsterdamsk as it mar kin. Mar ik haw bûten Fryslân nea oanstriid hân om kontakt mei Friezen te sykjen. As ik immen “yn ’e frjemdte” Frysk praten hearde, rûn ik gau fierder. Ik haw nammentlik op grûn fan myn (histoaryske) weardegong en ûndersyk in hiel oar byld fan de Fyske identiteit. Dat byld is tinklik net neffens de realiteit. Mar dat is mei bylden fan identiteit altiten sa. Ek it byld fan Anne-Goaitske is, al liket it miskien sa, net neffens de realiteit. Bylden fan in identiteit binne altiten idealistysk. Dat wol sizze: opboud neffens in idee dat de beskôger sels dêrfan hat. Dat is mei de Fryske identiteit ek sa. Mar dy identiteit op himsels bestiet wol deeglik.

It is ek wier dat dat in “imagined community” (Benedikt Anderson) is, mar wol mei in wurkingskrêft dy’t prinsipieel oars is as dy fan in “autofanaat” of “muzikant”. Dat soarte fan kategoryen stelle folle minder foar, want se fiere gjin oarloggen, se bringe heechút it ferkear of ús gehoar yn gefaar. Sokke ferbylde mienskippen op grûn fan it tinken dat jo op de ien of de oare wize ta “in folk” hearre, kinne hiel krêftich wêze, Wy sjogge it elke dei foar de telefyzje. De Oekraïne is in hiel sprekkend foarbyld fan in hast folslein ferbylde mienskip. Mar it is wol in ferbylde mienskip, dy’t folle gefaarliker is as dy ynbylde Fryske mienskip. De Oekraïne hat nammentlik net allinnich minsken fermoarde fan wa’t se fûnen dat dy net ta harren mienskip hearre mochten (de tûzenen Russysktaligen yn de Donbass), mar driget ús no allegearre mei te sûgjen yn in oarloch sûnder ein. Of wol mei in ein, de ein fan ús allegearre. Mar dat uterst negative byld fan in ‘nasjonale’ identiteit (nasjonaal fanwegen it idee ta ien beskate ’naasje’ te hearren) hoecht net altiten te betsjutten dat ‘nasjonaal’ identiteitsfielen per definysje sa tryst útpakt.

Anne-Goaitske skriuwt earne: “Myn betooch oer identiteit foel yn goede ierde, want ik seach knikkende gesichten yn it publyk, sels doe’t ik in Máxima-gelikense opmerking makke oer it ûntbrekken fan in ûndûbeldsinnige Fryske identiteit. Tagelyk, by de fraach ‘Wat makket dy Frysk?’, krige ik antwurden werom dêr’t ik foarôf op hope hie: taal, mienskip, skiednis, sport, mentaliteit, ferbining mei de natuer. Aspekten dy’t wol deeglik in positive útwurking hawwe kinne op it moed fan in minske, en dy’t ik persoanlik sa ek ûnderfyn.” Yn de Oekraïne giet it bewâld yndied út fan in ‘ûndûbeldsinnige’ Oekraynske identiteit. Ik fyn it ek hiel nuver dat se dêrom it meast aktuele foarbyld fan sok ‘ûndûbeldsinnich’ identiteitstinken hielendal net neamd hat. Soks soe by de Warnsbetinking, krekt dy fan 2023, foar de hân lein hawwe. It soe der ek in oanwizing foar wêze kinne dat de Fryske beweging en yn it sok dêrfan de Warnsbetinking, sa stadichoan totaal bûten de echte realiteit stiet.

Ik haw yn elk gefal ien ymposant foarbyld fan tichteby meimakke, dat ‘nasjonaal fielen’ ek in hiel wichtige rol spylje kin yn de morele foarútgong fan it minskdom. Dat wie yn Wales, doe’t ik dêr fjirtich jier lyn yn ‘e kunde kaam mei lju fan de nasjonale beweging. It ‘nasjonalisme’ fan Wales stie folslein yn it teken fan de fredes- en frouljusstriid. Wales fungearre yn har tinken as in ‘lytse naasje’ dy’t it goede foarbyld jaan woe, by wize fan sprekken oan de hiele wrâld. It wie foar har in wichtige reden om mei geweldleas ferset yn al syn aspekten foar ûnôfhinklikens fan it ymperialistyske en militaristyske Grut-Brittanje te striden. En se hiene ek kontakten yn de hiele wrâld oer dy saken. In Frysk ‘nasjonalisme’ yn dy betsjutting soe in hiel wichtige krêft wêze kinne yn ‘e mande mei in moderne sosjale beweging yn Nederlân. Kieze foar frede en ûntwapening betsjut ek: kieze tsjin Nederlân, dat wol sizze, net tsjin yndividuele Nederlanners, mar it Nederlân fan ‘het gave landje’ fan Mark Rutte. En it Nederlân fan it hast totaal mei sa’n polityk fan bloed en oarloch kollaborearjend Haachske parlemint.

Okkerdeis lies ik in stik op it ynternet fan Jan Bennink, mei de titel: “Je kunt niet wegkijken bij de dood van een half miljoen jongens en verwachten dat je zelf de dans ontspringt.” Dêryn skreau er ûnder mear: “Kinst do dy yntinke wat wy, ja WY, eins finansierje? Wêr’t wy al ús wapens, Man Pads, Patriot-raketten en oplape F16-strieljagers, dy 42 deadskisten, foar ynleverje? Hokker hellefjoer wy kear op kear opstokelje mei ús belestingjild?” En, sa skreau Bennink: hâldt it op, as de alderlêste Oekraynske jonge dea is? Sjogge wy dan net dat wy yn deselde draaikolk sitte en stadichoan, sawat ûngemurken, nei dat swarte gat tasûchd wurde, yn hieltiten lytsere rûntsjes? En dat ús bern en bernsbern oer in skoftsje ek krepearje moatte yn ’e blubber, “want de Oekraïners hawwe al safolle foar ús opoffere”?

Wat Anne-Goaitske ek hielendal net oanjout is dat it Fryske nasjonalisme net sjoen wurde kin sûnder it Nederlânske nasjonalisme. It Fryske nasjonalisme yn syn moderne ferskiningsfoarm is ûntstien yn de njoggentjinde iuw. It wie in reaksje op it Nederlânske nasjonalisme, dat heech opspile, ek yn Fryslân. Alles, fan ûnderwiis en de media oant en mei de tsjerken, wie dêrfan trochlutsen. Want it nije keninkryk moast syn identiteit ûntdekke. Dat waard as needsaaklik sjoen, hast as libbensbetingst. Hoe wichtich soks waard die bygelyks bliken yn 1945 en dêrnei, doe’t ek in grut tal Fryske jonges omkommen binne yn Yndonezië, yn de Nederlânsk-koloniale oarloch dêr, dy’t troch guon noch altiten “politionele actie” neamd wurdt. Mar dat hiele Nederlânske nasjonalisme liket yn de foarstelling fan de achtenearre Klifsprekster gjin inkelde rol te spyljen. Wylst dat no krekt sa wichtich is om it Fryske nasjonalisme te trochsjen.

Kerst Huisman

oktober 3, 2023 19:36
Skriuw in reaksje

11 opmerkingen

  1. Sytze T. Hiemstra oktober 4, 14:40

    Ik haw Zelensky gâns dochs aardich leaver as Poetin (in Russyske oarlochsmisdiediger) en dat sil de measten, tinkt my, ek sa gean …

  2. Cor Jousma oktober 5, 11:11

    Kreas stik Kerst. Poetin hat nei myn miening gjin rjochten op ‘e Krim of stikken fan Oekraïne. Mar dat Oekraïne net ien nasjonaliteit is, liket my dúdlik. Miskien soe it Switserse model wat foar it lân wêze. In soad selsbestjoer en dochs ien gehiel. Angele Merkel en Francois Hollande wiene by de Minsk-akkoarden goed op wei.

  3. Cor Jousma oktober 5, 12:18

    Minsk-akkoarten fansels!

  4. mbc84 oktober 5, 18:10

    Dy’t doart te sizzen dat er leaver Zelensky hat as Pûtin, of seit dat it krekt Pûtin is dy’t gjin rochten hat op De Krim of stikken fan Oekraïne, dy sjocht te folle nei de NOS en lêst net oars as MSM. De Pûtinroppers, of better, -skriemers, it is om je te besouwen.

    Ruslân hat hiel wat mear te sykjen yn De Oekraïne as de NAVO & EU. Mar it hie nea sa fier kommen hoegd. Jierrenlang fan allerhande minskerjochteskeinende rezjyms oalje en gas ôfnommen en dan no ynienen stijgerje, no’t Ruslân de troch it Oekraynsk regear oanfallen Russen yn East-Oekraïne beskermje wol? Wêrom doe net fuortendaliks yn 2014 stijgerje, doe’t De Krim keas by Ruslân hearre te wollen?

    Dy’t oarloch siket mei Ruslân, sil it altiten ferlieze en snijt himsels aldergrouwélichst yn ‘e fingers. Dat docht no ek bliken, it stiet der net goed foar. Ús ekonomy giet wol sa hurd efterút en nee, dat komt net troch Pûtin. Dat binne de sanksjes dy’t allinnich ússels treffe. Hoe dom kinne je wêze…

  5. Cor Jousma oktober 5, 19:34

    mbc84 foar in trol? skriuwe jo aardich Frysk!

  6. Sytze T. Hiemstra oktober 6, 10:33

    Ja, hoe dom kin in trol as mbc84 wêze …

  7. mbc84 oktober 7, 10:01

    En dan my foar in trol hâlde om’t ik net sa hysterysk russofoob bin. Dweilstikken binne jim.

  8. Cor Jousma oktober 7, 16:52

    Nee om’t jo net de eigen namme brûke!

  9. Kerst Huisman oktober 9, 11:54

    Al tsientallen jierren rin ik der tsjinoan. Sadree’t jo wat útstelle om de Fryske ‘’striid’’ no ris út syn letargy te heljen en ris ta demokratyske en geweldleaze dieden te kommen, geane de lju dy’t jo berikke wolle, altiten wer dearinnende sydpaden op. Ik haw it meimakke sûnt no mear as tritich jier lyn al, altiten wer stúmje en stinne en nea spikers mei koppen slaan. Ik kin in hiele rige fan foarbylden neame, fan de tiden fan de FRA oant en mei Sis Tsiis, mar dat doch ik no mar net. It nijste wat ik no meimeitsje is it reagearjen op in foarstel fan my, dat de Fryske (no ja!) Beweging (?) ris leare kinne soe fan de nasjonale beweging yn Wales. Ik skriuw wat oer de needsaak fan frede en ûntwapening en oer de skriklike gefolgen fan dy oarloch no foar krekt hûnderdtûzenen Oekraynske jonges en de kâns, dat myn trije leave âldste bernsbern (twa jonges en ien famke) oer in pear jier ek stikke en deabliedzje kinne yn de modder. En wat is de earste reaksje: in leafdesferklearring oan it adres fan Selenski! En dan begjint in skellerij oer en wer. Oer Poetin, de Krim en trollerij. O ja, ek de Minsk-akkoarten. Dat wie faaks noch it meast ta de saak dwaand.
    Soks betsjut, dat de Fryske saak by jimme gjin inkelde prioriteit hat. Stel jim no allinnich ris foar wat in fernijende besieling yn de Fryske Beweging net allegearre ta stân bringe koe. In fernijende besieling dy’t, krekt as yn Wales, Fryslân op de kaart set as in lân dêr’t se fierder sjogge as de oan de liedbân fan it Belgyske Mediahuis rinnende kranten, ynklusyf LC en Deiblêd, en de fierdere Hollânske prut, fan NRC oant Telegraaf. In fernijende besieling, dy’t in hiel soad berikke kinne soe krekt ek foar ús taal. Mar ek in soad oare dingen, folle en gjin ein.
    Bêste skriuwerkes: wat dêr fierderop bart, dêr hawwe jimme gjin millimeter ynfloed op. Wat der ek bart: in Oekraynske oerwinning (hiel ûnwierskynlik), in Russyske oerwinning (folle mear kâns op), wy kinne net yn de takomst sjen. Wy binne allegearre feroardiele ta tasjen en ôfwachtsjen. Mear net. Mar wy kinne wol wat oars: yn de Beweging hjiroer in diskusje begjinne. En trochsette dêrmei. By need fjochtsje wy elkoar de tinte út. Kâns is grut dat dan sels de NPO-televyzje derop ôf komt. Mar folle wichtiger: dat de Fryske befolking no echt ris belangstelling krijt foar de (taal)striid. En noch folle wichtiger: dat sa’n skeel echt ta in fernijing liede kin. Mooglik hâldt ek it blomswiete eameljen op, it hannelsmerk by útstek fan de Ried fan de Fryske Beweging. En de Jongfryske Mienskip net útsûndere, want dêr hat it bierdrinken meastal de heechste prioriteit. Se sille wol lulk op my wurde. Mar dêr wurd ik net oars mear fan, want de leafde foar Fryslân en it Frysk oerwint ommers alles?

  10. Cor Jousma oktober 9, 14:37

    Bêste Kerst, ik tink dat in soad ynstitúsjes as De Ried en de Jong Friezen dwaande binne mei harren lêste azem. De tiid dat minsken de strjitte opgeane foar de Fryske saak rint op ‘e non. In moai foarbyld is dat hast alle dielnimmers oan de akademydei sûnder derby nei te tinken in Nederlânsktalich formulier ynfollen.

    Dy beweging dêr’tsto al tritich jier foar pleitest kaam der net en komt der op dit stuit ek net.

    Us taal sil de kommende jierren wer ris nije minsken yn it nekfel gripe moatte. Mei alles dat der no leit, komt soks ek grif!

  11. Kerst Huisman oktober 10, 11:15

    In prachtich stikje, Cor, nei alle gedachten bedoeld om oaren op te fiterjen. No, dat wie no krekt de bedoeling fan my mei myn reaksje ek.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.