Hjerstfakânsje Natuermuseum yn teken fan swalkôffal
Resint ferskynd
De hjerstfakânsje stiet yn it Natuermuseum Fryslân yn it teken fan De Grutte Soaisee: Swalkôffal yn see, sleat en stêd.

Foto: Natuermuseum Fryslân
Blikjes, papieren wikkels, sjipspûden: minsken litte hiel wat rotsoai efter op ’e dyk en yn ’e natuer. Al dat swalkôffal bedarret fia sleatten en puozzen yn see. Dêr swalket it om as plestik sop om úteinlik yn mikroplestiks útinoar te fallen en faak yn de mage fan bist en minske te einigjen. By De Grutte Soaisee sille bern op in plezierige manier oarsaak en gefolch fan swalkôffal ûndersykje.
Besikers wrotte har in paad troch it ôffal om it atrium yn te kommen, dêr’t yn de stêd, om de mar en op it strân ferskate aktiviteiten binne. Se kinne de fynsten fan in waadstruner besjen, oan ’e hân fan bubbeltee ûntdekke hoe’t mikroplestik opromme wurde kin, mei in graafmasine ôffal út it sân helje en in plestikfrije sjippe meitsje.
Net allinnich minsken romje smoargens op, de see hat syn eigen himmelploech. Yn it museum binne se te moetsjen. It moaist soe wêze as der gjin swalkôffal mear yn de natuer bedarret en dêrom is der in protte omtinken foar wergebrûk. Besikers kinne sels ôffal skiede, mei in firtuele realiteitbril ûntdekke hokker reis in plestik flesse ôfleit en harren eigen Grutte Seesoai-boadskippetas ûntwerpe.
De iepening fan De Grutte Soaisee is mei de ôfsluting fan de aksje Skjin Wetter, it jierlikse opromevenemint fan de Fryske Miljeufederaasje, dêr’t de striid tsjin swalkôffal yn en om Fryske wetters by oangien wurdt. By it opromjen fan sleatten, grêften en puozzen wurde soms de moaiste skatten fûn. Dy wurde mei De Grutte Seesoai útstald.
Besikers kinne ek op in jûn nei De Grutte Seesoai. Mei de Coole Kidsnacht op freed 20 oktober is it museum ekstra iepen fan 17.00 oant 21.00 oere.
Yn De Grutte Seesoai wurkje Artitude, Waadferiening, Fryske Miljeufederaasje, Omrin, Wetsus, Poeisz, Henk Prins en Auke Florian Hiemstra mei-inoar gear. Dat wurdt mei mooglik makke troch De Schepper Delft Stichting en P.W. Janssen’s Friesche Stichting.
De Grutte Seesoai duorret fan 14 o/m 29 oktober. Yn dy perioade is it Natuermuseum yn Ljouwert alle dagen fan 10.00 oant 17.00 oere iepen, dus moandeis ek. Sjoch foar mear ynformaasje op: www.natuurmuseumfryslan.nl.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje