Yn Kanadeesk nasjonaal park twa minsken troch grizzlybear dea

oktober 4, 2023 08:18 Fernijd

In grizzlybear hat yn it Banff National Park yn Kanada twa minsken oanfallen. De man en de frou oerlibben dat net. De hûn kaam ek by de oanfal om it libben.

Foto: pixabay.com

It ynsidint wie freedtejûn yn in ôfhandich part fan it nasjonaal park. De parkbehearder hie wol in needoprop krige, mar troch de waarsomstannichheden koe doe gjin helikopter opstige. In rêdingsploech dy’t te foet nei it plak fan it ûnheil gie, fûn sneon de lichems fan it pear. It gebiet bliuwt foarearst ôfsletten.

Banff is it drokst besochte natuerpark fan Kanada. Alle jierren komme der goed fjouwer miljoen minsken op ôf. Yn it park, noardwestlik fan Calgary, libje sa’n sechstich grizzlybearen. Yn ’e hjerst litte dy har faker sjen, mar oanfallen mei fatale ôfrin binne tige seldsum.

oktober 4, 2023 08:18 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.