Gabrielle Terpstra: Nijste Sawfilm falt ôf

oktober 20, 2023 20:14

Op 11 novimber 2004 wie de film ‘Saw’ foar it earst yn de Nederlânske bioskopen te sjen. De minsken reagearren der nochal ûngelikens op. Guon fûnen it skokkend en wiene ûngerêst, oaren reagearren mei termen as orizjineel en spannend.

Sels wie ik fjirtjin jier doe’t Saw útkaam en ik fûn it ferskriklik spannend, ik griisde derfan, al dat seagjen yn bonken, want dat is it wat der benammen bart yn de Sawfilms. Mar ik fûn it ek hiel ‘cool’ om nei sokke films te sjen. Yntusken binne der hiel wat films yn de rige. Op 19 oktober fan dit jier kaam it tsiende diel út.

It plot draait om John Kramer, alias Jigsaw, de beruchte searjemoardner út de Sawfilms dy’t syn slachtoffers yn sadistyske falstrikken pleatst. Yn dit tsiende part stiet syn persoanlike striid tsjin kanker sintraal, en hoewol’t dat yn it begjin in nijsgjirrige draai liket, wurdt it al gau oerstimd troch de typyske martelsênes dêr’t Saw bekend om stiet en frij gau giet it wer oer yn bluodderige martelingen.

De earste helte fan de film jout in djipper ynsjoch yn de motivaasjes fan John Kramer, wat bêst nijsgjirrich is. It aktearwurk makket ferrassend yndruk en ropt sels wat sympaty foar it karakter op. Dat smyt in ûnferwachte draai op, dêr’t it dreech by wurdt om te bepalen foar wa’t men yn de finale klappe moat.

De film slagget der yn myn eagen net yn om dy djippe laach fan ‘e earste helte te behâlden. Yn it plot wurdt no en dan keazen, dêr’t it troch liket dat de film út en troch fluch ôfraffele is. It draait hieltyd om it bloedferjitten en it sadisme. Dêr steane de films ek om bekend fansels. Wa’t dêr nei op ’e siik is, sil de film moai fine, mar ik sjoch it foaral as in manier om fluch jild te fertsjinjen yn it horrorsjenre. De franchise bliuwt nammentlik hiel populêr, sa’t by horror faker it gefal is.

De seal siet fol mei laitsjende jonge minsken, miskien bin ik gewoan te âld wurden foar dit soarte fan horrorfilms. Ik jou dizze film 2.5 stjerren.

oktober 20, 2023 20:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.