Dit wykein te sjen: FryslânDOK ‘Nije Eagen’

oktober 27, 2023 08:19

Nije filmmakkers meitsje koarte dokumintêren oer senuwen, klimaatstress en earmoed. Ien kear yn it jier krije trije jonge makkers de kâns om foar Omrop Fryslân in koarte film te meitsjen. Foarm en ynhâld meie dryst wêze. FryslânDOK siket mei ‘Nije Eagen’ bewust de grinzen fan it sjenre op. ‘Nije Eagen’ is in gearwurkingsprojekt fan Omrop Fryslân, Plons! Filmfestival en New Nordic Wave. Dit jier hat it projekt wer trije films mei in hiel eigen gesicht oplevere.

‘Zenuwen’ fan Maaike Meindertsma (boarne: Gerko Jonker)

Zenuwen fan Maaike Meindertsma
Wêrom binne we senuweftich? Wat bart der mei ús as we in prestaasje leverje moatte? Yn Zenuwen folget Maaike Meindertsma de jonge turnster Iris op it Frysk kampioenskip turnen yn Dokkum. Op de lykwichtsbalke rint de spanning faak heech op. Mar wat makket no dy balke sa’n senuwetastel, en binne dy senuwen eins ek earne goed foar?

Toekomst Dromers fan Jildou Smilda
Net allinnich ús planeet hat te lijen fan klimaatferoaring. It hat ek ynfloed op de mentale sûnens fan jongfolwoeksenen. Jildou Smilda is har bewust fan har eigen negative gefoelens en befreget oare jongelju dêroer. En dan docht bliken: klimaatferoaring is net in probleem fan de takomst, it hat no al gefolgen. Hoe fielt klimaatstress, hoe beynfloedet it jins libben en hoe kin men der dochs in positive draai oan jaan?

Eigen Schuld fan Hendrik Gores
Hendrik Gores socht in haadpersoan foar syn film oer wat earmoed mei jin docht. Fiif moanne lang rint er by tichte doarren op. Earmoed wurdt ôfskerme. Troch ynstânsjes of troch skamte fan de minsken sels. Yn in poëtyske reis nimt de filmmakker de sjogger mei op de rûte dy’t er ôflein hat. Mei byld en tekst filearret er it tekoartsjitten fan helpferliening en de maatskiplike systemen efter earmoed. En wat docht bliken? Sûnder haadpersoan slûpt it skimerige perspektyf jin ek ûnder de hûd.

FryslânDOK ‘Nije Eagen’
Sneon 28 oktober 15.30 oere NPO2 (werhelling snein 1 oktober 13.25 oere);
Snein 29 oktober Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren).

oktober 27, 2023 08:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.