Frysk Museum organisearret feestlike jûn foar bern

oktober 16, 2023 08:13 Fernijd

Foto: Ruben van Vliet

It Frysk Museum komt ta libben yn de Coole Kidsnacht. De jûns fan freed 20 oktober feroaret it museum yn in feestlik festivalterrein. Mei ferskate aktiviteiten wurdt it museum in spannende belibbing foar de hiele húshâlding.

Bern kinne dûnsje op it keninklik bal fan keunstners Kate en Christoffel Bisschop, de bysûndere figueren fan it museum moetsje op in spannende foksejacht, en in keunstwurk skilderje yn in spesjaal (ferburgen) wurkatelier. De Coole Kidsnacht is fergees foar bern. Op friesmuseum.nl/coolekidsnacht stiet mear ynformaasje en kinne kaarten reservearre wurde.

Coole Kidsnacht
Mei de Coole Kidsnacht bliuwe ferskillende musea yn Fryslân nei slutingstiid iepen foar bern. It Frysk Museum docht ek mei. Fan 17.00 oant 21.00 oere organisearret it museum in feestlike jûn foar húshâldingen. It feest hat gjin leeftiidsgrins, mar is it aardichst foar bern fan acht oant tolve jier. It is in inisjatyf fan Museumfederaasje Fryslân. Sjoch foar mear ynformaasje op museum.frl/coolekidsnacht.

Foto: Ruben van Vliet

Foksejacht
Mei it bernefeest komme ferskillende museumfigueren ta libben. Bern kin se allegearre moetsje mei de spannende foksejacht. By de yngong krije bern in kaartsje mei dêrop in geheime rûte troch it hiele museum. Underweis komme se alderhande personaazjes út de útstallingen tsjin. Bern kinne op jacht nei de figueren en geheime opdrachten útfiere. Nei ôfrin fan de foksejacht krije se in smaaklike traktaasje.

Keunstnersbal
Bern dy’t fan dûnsjen hâlde, kinne by it keunstnersbal fan Kate en Christoffel Bisschop terjochte. Yn ’e hal fan it museum jouwe de twa keunstners in tige sjyk feestje. Besikers kinne oant yn ’e lette oerkes op de moaiste muzyk dûnsje.

Museumyspekteurs
In besite oan it Frysk Museum wurdt noch spannender yn ’e rol fan museumynspekteur. As museumynspektuer meie bern it museum ynspektearje en beoardielje. Yn de Coole Kidsnacht krije bern in moaie tatoeaazje as oantinken. Museumynspekteurs meitsje ek kâns om in Museumkidskaart te winnen. Foar de museumbesite is alfêst de app del te heljen en/of mear ynformaasje te lêzen op www.museumkids.nl.

oktober 16, 2023 08:13 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.