Friezen as Israeliërs

oktober 21, 2023 13:00

Ferrinnewearre wenten yn de Gazastripe troch Israelyske oanfallen ferline wike. Foto: Wikipedia/ Al Arabi

Oarloch giet mank mei propaganda. Yn it konflikt tusken de Israeliërs en de Palestinen wiene it lang de earsten dy’t it it bêste slagge om harsels as de goeden yn byld te bringen. Mar langer witte de Palestinen harren ferhaal better foar it ljocht te krijen. Earder waard dat ek wol besocht, mar de sosjale media spylje no net swak by yn it toanen fan it lijen fan de minsken yn de Gazastripe.

Lykwols bliuwt it in yngewikkeld konflikt. Want wat is oarsaak en wat gefolch? De Israeliërs bombardearje de Gazastripe no as reaksje op in grouwélige oanfal troch Hamas. Dy is lykwols net los te sjen fan de histoarje dy’t derta late dat sa’n militante organisaasje it bewâld oer dat gebiet krije koe. De essinsje fan dy histoarje komt der koartsein op del dat it lân ôfgryslike bryk ferdield rekke is tusken de beide partijen. Tolve jier lyn hat It Nijs dêr al ris in wiidweidige analyze oer publisearre dêr’t de situaasje oanskôglik yn makke waard troch in likenis: mei Friezen yn de rol fan Israeliërs en Nederlanners yn dy fan de Palestinen. Klik hjir foar dat artikel.

oktober 21, 2023 13:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.