Feie Fonyk: Oerfreegje skoallen net

oktober 5, 2023 12:00

Kollum

It idee dat net elkenien alles leare kin, is sa âld as it minskdom. Prehistoaryske grotbewenners wisten dat Piter yn it fangen fan fisk better wie as Ulbe. Kobus wie goed yn it setten fan fallen, wylst Klaske goed fjoer meitsje koe. Minsken ferskille faninoar en dat is mar goed ek.

Minsken fan doe lykje wat dat oangiet op minsken fan no. Dat ferskil tusken de minsken begjint al by de berte en by it âlder wurden begjinne bern by it grutter wurden mear en mear útinoar te rinnen. Dat makket it lesjaan oan in groep bern der net makliker op. It seit himsels dat learkrêften har rjochtsje op it nivo dêr’t de measte bern wat oan hawwe.

Elkenien itselde ûnderwiis oanbiede, betsjut dat it foar guon learlingen dreech is, wylst oaren har ferfele. It is in ûnderwiiskundich probleem fan alle tiden. Yn ’e rin fan ’e jierren binne ferskate oplossingen betocht om it skoalsysteem oan te passen: differinsjaasje yn it lesjaan, Jenaplan-, Dalton-, of adaptyf ûnderwiis.

It idee dat net elkenien alles leare kin, is sa âld as it minskdom

Nettsjinsteande oanpaste wurkwizen en ynspanningen is it probleem net op te lossen, alteast yn it basisûnderwiis net. Yn it fuortset ûnderwiis is it makliker om mei belangen en mooglikheden fan learlingen rekken te hâlden. De bern kinne ommers nei it basisûnderwiis fierder leare yn it vmbo, havo of vwo, dêr’t se ek noch út ferskillende fakkepakketten kieze kinne. Dêrnei binne der yn it mbo, hbo en wo in soad mooglikheden dy’t min of mear passe by wat minsken kinne en wolle. Op de basisskoalle sitte al dy bern lykwols mei harren ferskillende mooglikheden byinoar.

Lesjaan oan in groep bern fereasket in goede organisaasje. Dat wurket net as der te folle groepen, subgroepen of yndividuele learlingen binne dy’t oan útinoar rinnende dingen wurkje. Der binne dus grinzen oan de mooglikheden fan oanpast of adaptyf ûnderwiis, dat mei alle bern rekken hâldt.

Dan noch wat. Wy libje yn in tiid dat de ûntjouwing fan de eigen persoan in soad omtinken kriget. Yn it libben moat men rekken mei oaren hâlde. Dat moatte bern, de ‘prinskes’ en ‘prinseskes’ yn de lytse húshâldingen fan tsjintwurdich al leare. Mei om dy reden is it goed om kritysk te wêzen by al te adaptyf ûnderwiis

oktober 5, 2023 12:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.