Eksposysje ‘Ondersteboven’ yn Museum Nagele
Resint ferskynd
Keunstrûnte Stienwikerlân eksposearret fan 12 oktober oant en mei 24 desimber yn Museum Nagele. De titel fan de eksposysje is Ondersteboven.

‘Noorderlicht’ fan Ammie Elling (foto: Museum Nagele)
Understboppen fan in kleurekombinaasje, fan in ferhaal, fan de frijheid dy’t men fielt as men de ferbylding talit. De leden fan de keunstrûnte toane harren kreative objekten yn mingde techniken út dat tema wei, de ûnderste laach komt boppe.
It tema ûntstie út de gedachte dat de boppegrûn fan de Noardeastpolder eartiids de boaiem fan de see wie. Mei dat motyf hawwe de dielnimmers byldzjend wurk makke út ferskillende ynfalshoeken wei. Soms letterlik, of just figuerlik of út de histoarje wei. Alle keunstners hawwe dêr harren eigen wurkwize en byldtaal foar fûn. Hja wolle dêr de besikers graach mei ynspirearje.

‘Rollend water’ fan Marijke Traast-Bos (foto: Museum Nagele)
Keunstrûnte Stienwikerlân is in feriening fan byldzjend keunstners yn de gemeente, dy’t as doel hat om in platfoarm te kreëarjen dêr’t keunst yn al syn uteringen ta syn rjocht komme kin. Dat dogge se op ferskillende wizen, lykas it organisearjen fan groepseksposysjes, atelierrûten en ekskurzjes, it hâlden fan lêzingen en wurkateliers, mar ek belangebehertiging fan de leden.
De offisjele iepening foar minsken dy’t dêrfoar útnûge binne is op 15 oktober. Op 12 oktober fersoargje de eksposanten in ynlieding by de eksposysje, dy’t dan yn it foaren al besjoen wurde kin. De ynlieding is foar elkenien tagonklik, de reguliere tagongsregeling is fan tapassing.
It museum is fan tongersdeis oant en mei sneins fan 13.00 oant 17.00 oere iepen. Sjoch foar mear ynformaasje op www.museumnagele.nl.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje